Sjoerd Frans Kuyper (Amsterdam, 6 maart 1952-Bergen, 22 septimber 2026) wie in Nederlânske skriuwer.
Hoewol't Kuyper ek wurk foar folwoeksenen makke hat, waard hy benammen bekend troch syn wurk foar bern. Yn 2000 skreau Kuyper yn opdracht fan de CPNB it berneboekewikegeskink: Eiber! Sjoerd Kuyper skreau ek telefyzjeriges as Max Laadvermogen en De Freules (op it Cinekid Festival bekroane mei de Kleine Kinderkast). Fan Kuyper syn boek Het zakmes makke regisseur Ben Sombogaart in telefyzjerige en in spylfilm. Kuyper skreau it senario. Ek syn jeugdroman De rode zwaan waard ferfilme. Wie mei-oprjochter fan de Willem Wilminkpriis foar moaiste berneliet.
Sjoerd Kuyper ferstoar op 22 septimber 2026 yn 'e âldens fan 74 jier
Wurk 2024 - De grote vloed 2020 - Mensen met koffers 2020 - Maantje 2019 - Bizar 2016 - Lang leve Robin! 2014 - Hotel de Grote L 2014 - De duik 2012 - De grote Robin 2011- O, rode papaver, boem, pats, knal 2011 - Mijn opa de bankrover 2008 - Ik blijf altijd bij je 2008 - Morrison krijgt een zusje 2007 - Sjaantje doet alsof 2006 - Robin is verliefd 2006 - Jouw hand in mijn hand 2004 - Het hart en het mes 2003 - Robin op het ijs 2003 - Een muts voor de maan 2001 - Robin en de zon 2001 - Robin is jarig 2000 - Eiber! 1999 - Josje's lied 1998 - Malmok 1998 - Alleen mijn verhalen nam ik mee 1998 - Robin en opa 1996 - Robin en God 1996 - De rode zwaan 1995 - Robin viert kerstfeest 1994 - Het eiland Klaasje 1994 - Robin op school 1993 - Robin en Suze 1993 - Robin en Sinterklaas 1992 - Josje's droom 1991 - De freules en andere liedjes 1990 - Robins zomer 1989 - Josje 1988 - Majesteit, Uw ontbijt 1981 - Het zakmes 1975 - Het boek van Ko de Boswachter
Prizen Maantje verhuist de zee Goud Griffel 2026 Robin is verliefd - Sulveren Griffel 2007 Robin en God - Gouden Griffel 1996 Het eiland Klaasje - Sulveren Griffel 1995 Robin en Suze - Sulveren Griffel 1993 Majesteit, Uw ontbijt - Vlag en Wimpel 1989 De heks in je hoofd - MatchBoox 2011 Het Zakmes, rige en de film, wûnen ferskate grutte prizen, wêrûnder de Emmy Award, de Grote Kinderkast, it Gouden Kalf en de Cinekid Award. Het zakmes is boppedat opnomd yn de kanon fan de Nederlânske film.
Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk senarioskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1952 Kategory:Persoan stoarn yn 2026