Noarder-Koggelân (Hollânsk: Noorder-Koggenland, Lânwestfrysk: Noorder-Koggeland) is in eardere gemeente yn 'e krite West-Fryslân, yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De gemeente waard op 1 jannewaris 2007 opheft en by de gemeente Medemblik yndield. De gemeente hie yn 2006 10.582 ynwenners.
Skiednis De gemeente wie op 1 jannewaris 1979 ûntstien troch in fúzje fan 'e doetiidske gemeenten Abbetsjerk, Midwâld, Opperdoes, Sibekarspel en Twisk, mei dêropta it doarp Hauwert út 'e doetiidske gemeente Nibbikswâld. Op 1 jannewaris 2007 gie Noarder-Koggelân op yn 'e nije streekgemeente Medemblik.
De namme fan 'e gemeente ferwiist nei de histoaryske noardlike Koggen út de Midsiuwen, yn dit gefal de Fjouwer Noarder Koggen, dy't fanâlds it Heechwâlderambacht neamd waarden. It gebiet fan dit ambacht kaam foar in part oerien mei dat fan 'e gemeente dy't yn 1979 ûntstie. In kogge of cogge bestie ornaris út fjouwer of fiif doarpen en foarme in bestjoerlik rjochtsgebiet.
Plakken yn de gemeente Plakken Buorskippen Abbetsjerk Benningbroek Eastwâld Hauwert Lambertschaag Midwâld (gemeentehûs) Opperdoes Sibekarspel Twisk 't Westeinde Bennemeer Bruordyk De Buurt Het Hoogeland Koppershorn Veldhuis Kategory:Medemblik (gemeente) Kategory:Eardere gemeente yn Noard-Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1979 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2007