Langedyk (Nederlânsk en offisjeel: Langedijk, Westfrysk: Lengedik) is in eardere gemeente yn 'e regio West-Fryslân fan 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. Dizze gemeente waard op 1 augustus 1941 foarme troch de fúzje fan 'e eardere gemeenten Aldkarspel, Broek op Langedyk, Noard-Skarwâlde en Súd-Skarwâlde.

Plakken Yn de gemeente Langedyk lizze de doarpen Broek op Langedyk, Kodijk, Noard-Skarwâlde, Aldkarspel, Sint-Pankras en Súd-Skarwâlde. It gemeentehûs stiet yn Súd-Skarwâlde.

Kategory:Dyk en Waard Kategory:Eardere gemeente yn Noard-Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1941 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2022