thumb|260px|Lokaasje fan Tûla yn de oblast Tûla Tûla (Russysk: Тула) is in yndustrystêd yn Ruslân en ek de haadstêd fan de oblast Tûla, sa'n 200 km besuden Moskou. De stêd leit oan de rivier de Upa en it rivierke de Tûlitsa, dêr't de stêd ek nei ferneamd is.
De stêd hat in âlde sitadel (in kremlyn). De famylje Demidov hat in wichtige rol yn de ûntjouwing fan de stêd spile.
De ferneamde Russyske skriuwer Lev Tolstoj (1828–1910) wenne yn de bûtenpleats Jasnaja Poljana ûnder Tûla dy't de wichtichste toeristyke attraksje fan de oblast Tûla waard.
Ekonomy Al goed fjouwer iuwen is Tûla is in wichtich sintrum fan yndustry en tal fan ambachten. Fral metallurgy, masinebou en metaalbewurking binne fan grut belang, mei as wichtige ôfnimmer definsje, en fierder ek de fiedselyndustry.
Befolkingsûntwikkeling Jier Ynwennertal 1811 52.100 1840 51.700 1863 56.700 1897 114.700 1914 139.700 1923 123.300 1926 150.100 1939 272.200 1956 320.000 1959 351.000 Jier Ynwennertal 1962 342.000 1967 377.000 1970 462.000 1973 486.000 1976 502.000 1979 514.000 1982 524.000 1986 534.000 1989 540.000 1992 541.400 Jier Ynwennertal 1996 528.700 1998 519.000 2000 506.100 2001 499.000 2003 481.200 2005 465.900 2006 509.000 2010 492.000? 2022 461.245
It besjen wurdich It kremlyn fan Tûla Alderheljenkatedraal (Tûla) Untsliepeniskatedraal yn it kremlyn Untsliepeniskatedraal bûten it kremlyn
Stedsbyld Tûla
Kategory:Plak stifte yn 1146