De Olympyske Simmerspullen 1936, ek wol de XIe Olympiade neamd waarden yn 1936 yn Berlyn, Dútslân hâlden. De sjitsport waard hâlden yn de Schießstand am Wannsee.
Medaljespegel De top-5 fan lannen dy't by it sjitten medaljes wûn ha tidens de Olympyske Simmerspullen 1936. 1 Dútslân 1 2 0 3 2 Sweden 1 0 1 2 3 Noarwegen 1 0 0 1 4 Hongarije 0 1 0 1 5 Frankryk 0 0 1 1 Poalen 0 0 1 1
Schießstand am Wannsee Yn 1928 waard it sân hektare grutte terrein oanlein, besteande út in gebou foar de administraasje, en ferskate sjitbanen. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de measte bebouwing op it terrein ferneatige. It terrein, dat op dat stuit in de Amerikaanske sektor fan de stêd lei, waard in beslach nommen troch de Amerikanen. Fan dat momint ôf brûkte de Berlynske Brigade fan it Amerikaanske leger it terrein ûnder de namme Rose Range. Yn 1994 waard it terrein wer oerdroegen oan Dútslân en wurdt it brûkt troch de Deutsche Versuchs- und Prüfanstalt für Jagd- und Sportwaffen (DEVA).
Utslaggen Lytskalibergewear 50 m, lizzend Mingd # Sjitter Punten Willy Røgeberg 300 Ralph Berzsenyi 296 Władysław Karaś 296 8 augustus
Frij pistoal 50 m Mingd # Sjitter Punten Torsten Ullman 559 Erich Krempel 544 Charles des Jammonières 540 7 augustus
Sportfluchfjoerpistoal 25 m Mingd # Sjitter Punten Cornelius van Oyen 36 Heinz Hax 35 Torsten Ullman 34 6 augustus
1936 Kategory:Olympyske Simmerspullen 1936