200px|thumb|right|Tsjil mei speaken
In tsjil as tsjel (dialektysk ek fjil) is in rûn foarwerp dat om in as draait en sa de wjerstân by it ferpleatsen fan in lêst ferleget.
Bou Fanwegen dy funksje wurdt dêrom gaurus tocht dat de nauwe en de stilen perfoarst nedich binne for in tsjil, mar ûndersyk wiist út dat soks net it gefal is. In tsjil kin sûnder stilen, at der mar eat is wat de râne fan it tsjil weihâldt fan de nauwe. Dat koe bygelyks mei in folslein tsjil, dêr't gâns it tsjil de râne wei hâldt. Oarsom draait it tsjil om in nauwe, mar it is net nedich dat der wier materiaal is yn it sintrum fan it tsjil; ferskate útfiners hawwe it tsjil op'e nij útfûn, om sjen te litten dat it midden leechbliuwe kin, at de râne mar stevich genôch is om himsels nei bûten te hâlden. It wie al langer bekend dat de rûne râne sels ek net essisjeel is, at der mar altiten eat is wat it tsjil omheech hâldt; dat koe likegoed in trijekant wêze yn stee fan in sirkel. Lykwols is in likernôch sirkel makliker te meitsje as in groep fan elkoar oanfollende trijekanten.
Oarsom binne der rûne foarwerpen dy't om in as draaie mar dêr't ferleging fan de fjerstân net it heechste doel is. Sa draait in wals bygelyks om de as, mar de essinsje is it pletten fan de ûndergrûn, net it roljen. Dêrmei is in wals net wier in tsjil.
Tapassings In tsjil is omrede fa dy funksje fan ferpleatsen gauris in ûnderdiel fan in: auto frachtwein autobus motorfyts bromfyts fyts karre rolstoel
Oarprong It like te wêzen dat it tsjil sa'n 36e iuw f.Kr. ûntwikkele is yn de Karpaten. Yn de mynbou dêr wie it sleeën op rollers ûnpraktysk, dat stadichoan kaam der in systeem mei ynboude rollers. Fan dêr wienen fierdere ferbetterings it lytser meitsjen fan it middelpart fan de roller, en dan op it lêst it hielendal fuortlitte fan de ferbining tusken de úteinen dêrfan.
Kategory:Wurktúchboukunde Kategory:Technyk Kategory:Yndustriële skiednis Kategory:Auto Kategory:Frachtwein Kategory:Autobus Kategory:Trekker Kategory:Oanhingwein Kategory:Motorfyts Kategory:Bromfyts Kategory:Fyts Kategory:Autoyndustry