Clara Morgane (Marseille, 25 jannewaris 1981) is de artistenamme fan de Frânske sjongster en presintatrise Emmanuelle Aurélie Munos.

Karriêre Morgane waard op har tolfde al fotomodel. Letter posearre se neaken foar ûnder oaren FHM, de Playboy en Maxim. Yn maaie 2002 stie se yn de Penthouse en wie se de Penthouse Pet fan 'e moanne. Op har njoggentjinde, yn 2000, sette se útein mei in karriêre as aktrise yn soft-eroatyske en pornofilms, dy't se lykwols yn 2004 beëinige.

Morgane brocht yn 2007 har debút-cd DéCLARAtions út, mei nûmers dy't hja sels skreaun hie en song. Teffens wie sy fan 2001 oant en mei 2008 presintatrise by de stjoerder Canal+. Hoewol't Morgane tsjintwurdich net mear aktyf meiwurket oan 'e produksje fan eroatyske films, hat it mêd har omtinken noch wol. Fierders skriuwt hja kollumns dêr't se seksuële rie yn jout, en ek hat se de linzjerymerken Clara M. en Shocking Princess oprjochte. Yn 2003 ferskynde har autobiografy, mei de titel Sex Star.

Filmografy 2001: La Collectionneuse 2001: Les Dessous de Clara Morgane 2001: Max 2 2001: Projet X 2002: La Dernière fille) 2002: La Cambrioleuse 2002: Le Journal de Pauline 2002: La Candidate 2002: Luxure 2002: Perverse Léa 2003: Manuela ou L'impossible plaisir 2003: La Sulfureuse 2003: Snowboarder 2003: Laure ou Une sensuelle rencontre

Diskografy Album 2007: DéCLARAtions 2010: Nuits Blanches

Singles 2007: J'aime (Duet mei Lord Kossity) 2007: Sexy Girl 2008: Andy

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2001Hot d'Orwûnbêste Frânske nije aktrisen.f.t.

Literatuer Clara Morgane: Sex Star. Adcan Edition 2003, ISBN 2-84814-009-7 (Frânsk) Clara Morgane: Kâma Sûtra. Adcan Edition 2004, ISBN 2-95165-721-8 (Frânsk)

Keppelings om utens Offisjele webside fan Clara Morgane Biografy en filmografy fan Clara Morgane yn 'e Internet Movie Database

Kategory:Frânsk model Kategory:Frânsk sjonger Kategory:Frânsk neakenmodel Kategory:Frânsk froulik pornoakteur Kategory:Frânsk telefyzjepresintator Kategory:Frânsk kollumnist Kategory:Frânsk autobiograaf Kategory:Frânsk moadeûntwerper Kategory:Frânsk ûndernimmer Kategory:Penthouse Pet Kategory:Oksitaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1981