It Wite Tsjerkje is in tsjerkegebou yn 'e Snitser Stasjonsbuert. It tsjerkje stiet oan 'e Julianastrjitte, by it Julianapark.
Skiednis thumb|left|De âlde kristlik-grifformearde tsjerke fan Snits It gebou is yn 1907 boud en wurdt sûnttiids brûkt troch de Kristlik Grifformearde Tsjerke. De tsjerke is yn neoromaanske styl boude sealtsjerke mei ferskate rûnbôgefinsters en in lytse klokkepyloan. Yn 1966 rekke de tsjerke troch brân skansearre en dêrnei is de tsjerke yn in ienfâldiger styl restaurearre.
Sûnt 2005 brûkt de Grifformeard-frijmakke tsjerke (yn 2023 opgien yn 'e Nederlânske Grifformearde Tsjerken) it gebou ek.
Oan de efterside fan de tsjerke stiet in ferieningsgebou fan de gemeente.
Ferskaat De Himrik hat ek in 'Wite tsjerke'.
Keppeling om utens Orgelsite: disposysje oargel
Kategory:Tsjerkegebou yn Snits Kategory:Tsjerkegebou yn Snits (gemeente) Kategory:Tsjerkegebou yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1907 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân