De Sudertsjerke wie in tsjerkegebou yn 'e binnenstêd fan 'e stêd Snits.

Skiednis De tsjerke waard yn 1889 nei ûntwerp fan arsjitekt J. Ph. Hogendijk boud foar de Grifformearde tsjerke fan Snits.

Nei't de grifformearden en de herfoarmen yn 'e PKN fusearren, bleau de PKN-gemeente de Sudertsjerke noch in skoft brûken foar bysûndere tsjinsten. Yn 'e tsjerke siet ek it tsjerklik buro fan 'e PKN-gemeente Snits.

Yn novimber 2017 waard bekend dat de doe noch iepen grifformearde tsjerken (de Sudertsjerke en de Eastertsjerke) fan 'e Snitser PKN-gemeente sluten wurde soene.Groot Sneek, 04.11.2017 It beslút om de tsjerken de ferkeapjen foel yn 2021. Yn 2022 waard de tsjerke ferkocht en dêrmei hold de PKN yn Snits noch mar ien tsjerke oer: de Martinytsjerke. It jild út de ferkeap fan 'e tsjerken waard brûkt foar in ferbou fan 'e Martinytsjerke.Ljouwerter Krante: Herinnering houden aan Zuiderkerk is één van de opties voor woningen op deze plek in Sneek, 25 septimber 2023

De Sudertsjerke hat gjin monumintale status, mar falt wol ûnder beskerme stedsgesicht.Ljouwerter Krante: Wees niet lichtzinnig met sloop Friese kerken, en zeker niet als ze in een beschermd stadsgezicht staan, zoals in Sneek, 28 septimber 2023, It is de bedoeling dat de Sudertsjerke ôfbrutsen wurdt om plak te meitsjen foar wenningen.Omrop Fryslân, De Sudertsjerke yn Snits wurdt sloopt om plak te meitsjen foar wenromte, 29 septimber 2023. Oargel thumb|left|170px|Oargel. Yn 'e tsjerke stie in oargel dat yn 1893 boud is troch J. Proper út Kampen. De firma J. Reil út Heerde restaurearre it oargel yn 1951 en wreide it tagelyk út mei in selsstannich pedaal. Lettere restauraasjes folgen yn 1979 en 2001.Kerk en Orgel, oproppen 11.11.2017

It oargel waard op 18 july 2021 foar it lêst bespile yn in ôfskietsjinst en ferhuze nei demontaaazje nei de âld-katolike tsjerke fan Łódź yn Poalen. Omrop Fryslân: Properoargel fan Snitser Sudertsjerke oerdroegen oan Poalske stêd, 18 july 2021

Keppeling om utens Disposysje oargel

Kategory:Tsjerkegebou yn Snits Kategory:Tsjerkegebou yn Snits (gemeente) Kategory:Tsjerkegebou yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1889 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân