Noardburgum (by âldere minsken ek bekend as Burgerheide) is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel.
Lykas de namme al oanjout leit Noardburgum benoarden Burgum, eastlik fan Hurdegaryp tusken Ljouwert en Grins oan de N355 .
In diel fan de buorskippen Kûkherne en Quatrebras falle ûnder Noardburgum.
Noardburgum hat ()https://opendata.cbs.nl/statline Skiednis Noardburgum is yn de 19e iuw ûntstien tusken de Burgumer Heide en Haersma's Bosk. It wie part fan it doarp Burgum, oant it yn 1930 in selsstannich doarp waard.
Yn de jierren 1990 is it tal ynwenners bot tanaam en sûnt heart Noardburgum ta de gruttere plakken fan Tytsjerksteradiel.
Mienskip thumb|left|220px|Doarpshûs en pjutteboartersplak Der is in feriening foar Doarpsbelang, dy't gearkomt yn it doarpshûs 'De Balstien' oan de Van Cronenburgwei, dêr ek it pjutteboartersplak 'Krobbenêst' ûnderbrocht is. De stifting Feestkommisje '50 soarget foar festiviteiten. Tsien kear yn 't jier ferskynt doarpskrante "Heidepraat". Nij Toutenburch is it fersoargingshûs oan de Simmerwei.
Tsjerken thumb|260px|PKN-tsjerke It doarp hat trije tsjerken. Protestantske tsjerke fan Noardburgum Pleintsjerke (Baptisten tsjerke) Immanuel (Grifformeard-frijmakke tsjerke)
Skoalle De Klimstien De kristlike basiskoalle Immanuel en iepenbiere basisskoalle De Oerstek binne sûnt augustus 2019 tegearre gien.
Ferienings Fûgelwacht Noardburgum Fuotbalferiening Noardburgum Iisklup Eensgezindheid Noardburgum - iisklup Basketbalferiening Noardburgum Skaakklup NEO Skouting De Twirre
thumb|260px|Byld fan Marijke (David van Kampen, 1976) De Heideklup - fytscross Selskip Noardburgum - toaniel De Heidehippers - folksdûnsjen Bernlef - brassband Los fan it Wiif - biljerten Stichting Heidepiraten
Berne Abe Brouwer (1901-1985); skriuwer. It nei him neamde Abe Brouwerpaad waard troch himsels mei syn bruorren oanlein. Nyk de Vries (1971-); skriuwer en muzikant
Ynfrastruktuer
Provinsjale wei Troch Noardburgum rint de N355.
Bustsjint Troch Noardburgum rint de folgjende busline:
Line 13: Ljouwert - Drachten fia Surhústerfean
De busline troch Noardburgum wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Alle strjitten yn Noardburgum.
Publikaasje(s) "Noordbergum in woord en beeld" (1985)
Ofbylden
Museum Klompemuseum Scherjon
Keppeling om utens Webstee Noardburgum
Kategory:Doarp of stêd yn Tytsjerksteradiel