De Ayasofya Moskee (Frysk: Hillige wiisheid) is in islamitysk gebedshûs fan de moslimmienskip yn Snits.
Havenstrjitte De moskee waard op 10 maaie 1978 stifte en de Turkske Atatürkferiening hie oant 2010 de moskee oan de Havenstrjitte. It gebou hie twa ferdjippings. De gebedsromte wie mei in gerdyn ferdield yn in manljus- en frouljusdiel. It gebedshûs waard brûkt as moetingsromte foar moslims út de hiele provinsje. Boppedat wiene yn de moetingsromte ferskate aktiviteiten foar de mienskip. Troch te min romte foar dy groeiende mienskip en it ferlet fan aparte romten waard it gebou yn 2011 sluten.Aya Sofia Camii Sneek: Skiednis fan Snits Ayasofya Moskee
Wigledaam Sûnt de sluting fan it gebou oan de Havenstrjitte makket de feriening gebrûk fan de eartiidske jeugdherberch Wigledaam.Sneeker Nieuwsblad: Sneek: Nieuwe moskee in Sneek Yn it nije gebou sitte ek in islamityske winkel en kapper.
Kategory:Moskee yn Fryslân Kategory:Bouwurk yn Snits Kategory:Bouwurk út 1978 Kategory:Bouwurk sloopt yn 2011