Zarah Stina Leander (Karlstad, 15 maart 1907 - Stockholm, 23 juny 1981) wie in ferneamde Sweedske sjongster en aktrise. Sy waard berne mei de namme Zarah Stina Hedberg.
Biografy Jeugd Zarah Leander studearre as bern al piano en fioele en song foar it earst op it toaniel doe't sy seis jier wie. As tsiener wenne sy twa jier yn Riga (1922-1924), learde de doetiidsk ynternasjonaal wichtige taal Dútsk, wurke as sekretaresse, troude mei Nils Leander en krige twa bern (1927 en 1929). Sy koe oan it wurk yn it Ernst Rolf-kabaret en song foar it earst it liet 'Vil ni se en stjärna', dat rillegau har hannelsmerk wurde soe.
Wurkpaad Yn 1930, siet sy yn fjouwer kabarets yn haadstêd Stockholm, makke se har earste grammefoanplaten, dêr't ek in cover fan Marlene Dietrich har Falling in love again by wie, en spile sy in rol yn in film. It wie lykwols as operettesjongster, as Anna Glavari yn Franz Lehár syn Die lustige Witwe, dat se foar altyd trochbriek (1931). Sy wie doe al wer by Nils Leander wei. De jierren dy't folgen makke sy in gloarieuze karriêre yn Skandinaavje en koe fortúnlik troch de tiid komme as ferneamd artyst op toaniel en yn de film. Har ferneamdens wreide him út nei Hollywood, dêr't in stik as wat Sweedske akteurs en filmregisseurs wurken. Zarah Leander har aparte stim, sy wie in seldsume kontra-alt, hat sines der grif ta dien. Sy woe lykwols net nei Amearika fanwege har bern. Fan 1936 ôf hie sy in kontrakt by it Dútske Universum Film AG (UFA), mar gie ek troch mei plaatopnames. Leander hat letter sein dat har films wol súksesfol wêze mochten, mar dat de plateferkeap frijwat mear opsmiet.
Yn de Twadde Wrâldkriich wie hja tige ferneamd, fral yn it Dútslân fan Adolf Hitler. Guonts beskôgen har film en lieten as propaganda foar de Nazi's, mar Leander hat har yn it iepenbier nea oer har politike kar útsprutsen. It kaam Leander wol op in soad krityk te stean, fral yn Sweden, dêr't sy weromkaam wie nei't har went yn Berlyn bombardearre wie. Yn it earstoan waard har de rêch takeard yn artistike rûnten yn Sweden en koe sy har karriêre net fuortsette. It duorre ferskate jierren eardat sy in comeback yn Sweden meitsje koe, mar sy bleau kontroversjeel, har hiele libben lang.
Uteinlik trede sy wol wer op yn Jeropa, mar har eardere súkses hat sy nea wer helje kind.
Wurk Filmografy 1930: Dantes Mysterier 1931: Falska Millionären 1935: Äktenskapsleken 1936: Premiere (har earste Dútsktalige film) 1937: Zu neuen Ufern 1937: La Habanera 1938: Heimat 1938: Der Blaufuchs 1939: Es war eine rauschende Ballnacht 1939: Das Lied der Wüste 1940: Das Herz der Königin 1941: Der Weg ins Freie 1942: Die große Liebe 1942: Damals 1950: Gabriela 1952: Cuba Cabana 1953: Ave Maria 1954: Bei Dir war es immer so schön 1959: Der blaue Nachtfalter 1964: Das Blaue vom Himmel (telefyzjefilm) 1966: Das gewisse Etwas der FrauenOperettes en musicals 1931: Franz Lehár, Die lustige Witwe 1936: Ralph Benatzky, Axel an der Himmelstür (as Gloria Mills) 1958: Ernst Nebhut en Peter Kreuder, Madame Scandaleuse (as Helene) 1960: Oscar Straus, Eine Frau, die weiß, was sie will (as Manon Cavallini) 1964: Karl Farkasen Peter Kreuder, Lady aus Paris (as Mrs. Erlynne) 1968: Peter Thomas, Ika Schafheitlin en Helmuth Gauer, Wodka für die Königin (as Keninginne Aureliana) 1975: Stephen Sondheim en Hugh Wheeler, Das Lächeln einer Sommernacht (as Madame Arnfeldt)
Autobiografy Es war so wunderbar. Mein Leben.'' Hamburch: Hoffmann u. Campe. 1973. ISBN 3-455-04090-X
Keppelings om utens Zarah Leander yn de Internet Movie Database Hark! Zarah Leander sjongt Foto's en bibliografy Zarah Leander, Dútske fan-side
Kategory:Sweedsk administratyf meiwurker Kategory:Sweedsk filmakteur Kategory:Sweedsk sjonger Kategory:Sweedsk musicalakteur Kategory:Sweedsk spion Kategory:Sweedsk autobiograaf Kategory:Sweedsk kommunist Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1981