Auke Bruinsma (Snits, 1749 - dêre, 1819Nationaal Architectuur Instituut: Auke Bruinsma) wie in Nederlânsk arsjitekt en is meast bekend as stedsarsjitekt fan Snits.
Hy wenne yn in steatlik pân oan it Lytssân yn Snits en wie dêr de buorman fan it ferneamde skaai Noyon.Frysk Skipfeart Museum: FSM001011902
As stedsarsjitekt hat Bruinsma ferskate prestiizjeuske gebouwen op syn namme brocht, in protte dêrfan binne wilens Ryksmonumint wurden. Under syn wurk binne ferskate hearehuzen oan it Grutsân en it Lytssân (û.o. Fredehiem). Bruinsma is ek ferantwurdlik foar in part fan de oanbou fan it Stedhûs fan Snits en it ûntwerp fan it steatlike pân Wide Noarderherne 1. Wierskynlik ûntwurp er ek de pastorij fan Nijlân.Frysk Skipfeart Museum: 2003-098
Kategory:Frysk arsjitekt Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan stoarn yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1749 Kategory:Persoan stoarn yn 1819