100px|right
Judo is in sport dy't fan de Spullen fan Tokyo 1964 ôf op it Olympyske programma stiet. Skiednis Dizze sport stie foar it earst op it programma fan de Olympyske Simmerspullen fan 1964, doe't dy yn Tokyo, Japan plak hiene. De earste Olympyske Judo wedstriid yn de swierste gewichtsklasse waard ferassend wûn troch de Nederlanner, Anton Geesink. Judo waard spesjaal tidens dizze edysje taliten om de Japanners temjitte te komen om harren nasjonale sport op it programma te krijen. fjouwer jier letter ûntbruts it judo op it programma, mar fanôf 1972 is it in fêst ûnderdiel op de Spullen. Tidens de Spullen fan 1988 waard ek frouljus judo Olympysk.
Gewichtsklassen Yn 1964 waard der striden yn fjouwer klassen. Yn 1972 en 1976 yn seis klassen. Yn 1980 en 1984 yn acht klassen. Fanôf 1988 wurd der yn sân klassen striden ek by it frouljusjudo wurd der striden yn sân klassen. De gewichtsklassen binne al ferskeidene kearen wizige. Der wurd yn alle gewichtsklassen striden om ien gouden, ien sulveren en twa brûnzen medaljes.
Medaljespegel 1 Japan 351515652 Frankryk 10819373 Súd-Korea 91414374 Sina 828185 Kuba 51116326 Sowjetuny 5513237 Nederlân 4214208 Poalen 33289 Itaalje 3361210 Spanje 3126
Sjoch Ek Judo op de Paralympyske Simmerspullen