De Noardwestgermaanske talen foarmje in lytse taalgroep dy't heart ta de Westgermaanske talen. Dizze taalkloft stiet ek wol bekend as de Ingveoanske talen, de Anglo-Fryske talen, de Ingelsk-Fryske talen of de Noardseegermaanske talen. De Noardwestgermaanske talen wurde wrâldwiid troch likernôch 325 miljoen minsken as memmetaal sprutsen. Fierwei de wichtichste taal út dizze groep is it Ingelsk. Fierders meitsje ek it Skotsk, Frysk, Noardfrysk en Sealterfrysk der diel fan út, krektlyk as it útstoarne Yola en Fingaalsk. Guon taalkundigen rekkenje fierders it Anglo-Romany, in taal fan wenweinbewenners yn Ingelân, der ek ta.

Underferdieling De Noardwestgermaanske talen wurde ûnderferdield yn twa groepen:

de Noardwestgermaanske talen de Angelsaksyske talen (of Ingelske talen) Ingelsk, Skotsk, Yola †, Fingaalsk †, mooglik Anglo-Romany de Fryske talen Westerlauwersk Frysk, Noardfrysk, Eastfrysk (wêrby't fan dy lêste taal inkeld it Sealterfrysk noch oer is)

Der is in tindins yn 'e taalkunde om 'e Nedersaksyske talen, dy't yn it ferline altyd by de Súdwestgermaanske taalkloft yndield waarden, as in trêde subgroep oan 'e Noardwestgermaanske talen ta te heakjen. Dêroer bestiet lykwols gjin oerienstimming.

Skiednis De Westgermaanske talen ûntstiene by it útinoarfallen fan 'e taalienheid fan 'e Noard- en Westgermaanske folken, wat mooglik pas yn 'e fyfde iuw plakfûn. It wurdt ûntwierskynlik achte dat der in Westgermaanske ienheidstaal bestien hat, en ien inkele Noardwestgermaanske taal hat nei alle gedachten likemin bestien.

Tsjin it begjin fan 'e skriftlike oerlevering fan 'e Westgermaanske talen, yn 'e rin fan 'e achtste iuw, hiene har yn elts gefal de ûnderskate Noardwestgermaanske talen al ûntwikkele. Dêrfan is it Aldingelsk oerlevere fan it begjin fan 'e achtste iuw ôf en it Aldfrysk fan 'e trettjinde iuw ôf (útsein in fragmintaryske psalmoersetting út 'e tolfde iuw).

Ingveonismen De ferskillen tusken de Noardwest- en Súdwestgermaanske talen lizze foar in grut part oan in stikmannich saneamd ingveonismen, taalkundige fernijings dy't har oer it algemien pas yn 'e twadde helte fan it earste milennium yn 'e Noardwestgermaanske talen foardiene. Ek yn 'e Nederfrankysk-Nedersaksyske subgroep fan 'e Súdwestgermaanske talen hawwe dy fernijings har foar in part oppenearre, mar yn 'e Heechdútske talen alhiel net.

De wichtichste ingveonismen binne: Ienheidsmeartal fan tiidwurden (it net mear foarkommen fan ferskillende ferbûgings fan 'e meartalfoarmen fan tiidwurden). Dit ferskynsel hat feroarsake dat men yn it Frysk seit fan "wy hawwe", "jimme hawwe" en "sy hawwe", wylst it Dútsk noch de âlde foarmen hat wir haben, ihr habt en sie haben. It ferlies fan in aparte foarm foar it weromwurkjend foarnamwurd. Dêrtroch seit men yn it Frysk fan "hy wosk him", wêrby't "him" dus de funksje fan weromwurkjend foarnamwurd ferfollet, wylst men dêr yn it Dútsk in aparte foarm foar hat dy't nearne oars foar brûkt wurdt: er wiesch sich. (Ynteressant is yn dit ferbân dat it Nederlânsk dy foarm ek kwytrekke wie, mar him neitiid wer út it Dútsk weromliend hat. Dat kin men sjen oan Hollânske dialekten wêryn't de Standertnederlânske foarm zich noch altyd ûntbrekt, en wêryn't men sizze soe fan hij waste z'n eige.) Nasaalútfal: de útfal fan in nasale klank foar beskate plof- en wriuwklanken. Troch dit ferskynsel binne bgl. de n's ferdwûn út Fryske wurden as "fiif", "sêft", "ús" en "goes", wylst it Dútsk dêrfoar de (oarspronkliker) foarmen fünf, sanft, uns en Gans oanholden hat. Hjirby nimt it Nederlânsk in tuskenposysje yn, mei't dat dy n yn vijf en zacht kwytrekke is, mar him yn ons en gans beholden hat. Assibilaasje: klankferskowing fan 'e [k] (k fan "kat") en de [ɡ] (g fan "goed") of [ɣ] (g fan "drage") yn posysjes foarôfgeande oan beskate lûden ta [ʧ] (tsj fan "tsjûk") en [ʤ] (dzj fan "siedzje") of [j] (j fan "jas"). Dêrtroch hawwe it Frysk (en it Ingelsk) in wriuwklank oan it begjin fan wurden as "tsjerke" (church) en "tsiis" (cheese), wylst it Nederlânsk en it Dútsk dêr de oarspronklike plofklank beholden hawwe: kerk, Kirche en kaas, Käse.

Taalferliking Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de telwurden fan ien oant en mei tsien yn 'e Noardwestgermaanske talen. taal 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10IngelskonetwothreefourfivesixseveneightninetenSkotskaneyaetwathriefowerfivesaxsexseivenaichtauchtnyneneentenYola †oanetwyedhreevowérveevezeesezebbemayghtneenedhenFryskientwatrijefjouwerfiifseissânachtnjoggentsienSealterfryskaantwäitwäintwooträifjauwerfieuwsäkssoogenoachtenjugentjoonNoardfrysk (Mooring)iinjåntoutuutriitrafjouerfiiwseekssoowenoochtnüügentiin

Ek yn oare wurdfoarmen bestiet der in dúdlik ûnderskie tusken it Frysk en it Ingelsk oan 'e iene kant en it Nederlânsk en it Dútsk oan 'e oare. Dêrby kin it gean om: ienfâldige klankferskillen: Frysk Ingelsk Nederlânsk Dútsk brea bread brood Brot hier hair haar Haar ear ear oor Ohr doar door deur Tür grien green groen Grün swiet sweet zoet süß

it ferspringen fan bylûden binnen it wurd: Frysk Ingelsk Nederlânsk Dútsk troch through door durch

it ferdwinen fan einklanken: Frysk Ingelsk Nederlânsk Dútsk dei day dag Tag wei way weg Weg

gearlûkings: Frysk Ingelsk Nederlânsk Dútsk rein rain regen Regen neil nail nagel Nagel

it ôfswakjen fan plofklanken ta korrespondearjende wriuwklanken: Frysk Ingelsk Nederlânsk Dútsk hawwe have hebben haben

leksikale ferskillen (op it mêd fan 'e wurdskat): Frysk Ingelsk Nederlânsk Dútsk tegearre together samen zusammen sibbe sibling verwante Verwandte kaai key sleutel Schlüssel hynder (hoars) horse paard (ros) Pferd

of grammatikale ferskillen Frysk Ingelsk Nederlânsk Dútsk haw west have been ben geweest bin gewesen twa skiep two sheep twee schapen zwei Schafe

Kategory:Westgermaanske talen