Dit is de list fan keningen fan Skotlân.
De Skotske keningstitel Neffens de tradysje wie de earste kening fan Skotlân Kenneth MacAlpin (Skotsk-Gealsk: Cinàed mac Ailpìn), dy't it Keninkryk Skotlân stifte yn it jier 843, doe't er behalven kening fan 'e Skotten (of better sein fan it Gealske keninkryk Dalriada) ek kening fan 'e Pikten waard. De keningen fan Skotlân stiene oant Donald II bekend as rex Pictorum ("kening fan 'e Pikten") en pas dêrnei as ri Alban ("kening fan Skotlân"), mar dat hat der mear mei te krijen dat de Skotske annalen doe fan it Latyn op it Skotsk-Gealsk oergiene, as mei eigentlike politike omtinkens. Tsjin op syn letst de alfde iuw lieten de Skotske keningen har yn it Latyn omskriuwe as rex Scottorum ("kening fan 'e Skotten"), in foarm dy't letter oerdroegen waard yn it Ingelsk as King of Scots, wat op syn minsten like gongber wie as King of Scotland. Hjoed de dei wurdt dizze foarm suver útslutend noch brûkt foar keninginne Marije I (Mary Queen of Scots).
List fan 'e keningen fan Skotlân NAMMEPERIOADEOpmerkings: 843 - 1034Hûs fan ALPIN Kenneth I de Feroverder 843 - 858 Donald I 858 - 862 Konstantyn I Follewyn 862 - 877 Aed 877 - 878 Gregoarius 878 - 889 Eochaid 878 - 889 (tsjinkening?) Donald II de Gek 889 - 900 Konstantyn II de Middeljierrige 900 - 943 Malcolm I 943 - 954 Indulf de Oanfaller 954 - 962 Dub de Ferheftige 962 - 967 Cullen de Wite 967 - 971 Kenneth II de Heitemoardner 971 - 973 (earste regearperioade) Amlaìb 973 - 977 Kenneth II de Heitemoardner 977 - 995 (twadde regearperioade) Konstantyn III 995 - 997 Kenneth III de Brune 997 - 1005 Malcolm II de Ferdylger 1005 - 1034 1034 - 1040Hûs DUNKELD Duncan I de Sike 1034 - 1040 1040 - 1057Hûs fan MacBETH Macbeth 1040 - 1057 1057 - 1058Hûs MORAY Lulach de Ungelokkige 1057 - 1058 1058 - 1286Hûs CANMORE (eins in fuortsetting fan it Hûs fan Dunkeld ûnder in oare namme) Malcolm III 1058 - 1093 Donald III de Blûne 1093 - 1094 (earste regearperioade) Duncan II 1094 Donald III de Blûne 1094 - 1097 (twadde regearperioade) Edmund 1094 - 1097 (tsjinkening) Edgar de Dappere 1097 - 1107 Aleksander I de Woeste 1107 - 1124 David I de Grutte 1124 - 1153 Malcolm IV 1153 - 1165 Willem I de Liuw 1165 - 1214 Aleksander II de Rûge 1214 - 1249 Aleksander III 1249 - 1286 1286 - 1290Hûs SVERRE Margareta 1286 - 1290 1290 - 1292 Earste Keningsleaze Tiidrek 1058 - 1290Hûs BALLIOL Jan Leechmantel 1292 - 1296 1296 - 1306 Twadde Keningsleaze Tiidrek 1306 - 1371Hûs BRUCE Robert I 1306 - 1329 1329 - 1332 regintskip fan Tomas Randolph, 1ste greve fan Moray 1332 regintskip fan Donald II, greve fan Mar David II 1329 - 1371 1371 - 1587Hûs STEWART Robert II 1371 - 1390 Robert III 1390 - 1406 1406 - 1420 regintskip fan Robert Stewart, hartoch fan Albany 1420 - 1424 regintskip fan Murdoch Stewart, hartoch fan Albany Jakobus I 1406 - 1437 Jakobus II Fjoerwang 1437 - 1460 1460 - 1463 regintskip fan Marije, hartoginne fan Gelder 1463 - 1469 seiskoppich regintskip Jakobus III 1460 - 1488 Jakobus IV 1488 - 1513 1513 - 1514 regintskip fan Margerete Tudor, prinsesse fan Ingelân 1514 - 1525 regintskip fan Jan Stewart, hartoch fan Albany 1526 - 1528 regintskip fan Archibald Douglas, 6de greve fan Angus Jakobus V 1513 - 1542 1542 - 1554 regintskip fan Jakobus Hamilton, greve fan Arran 1554 - 1560 regintskip fan Marije hartoginne fan Guise Marije I 1542 - 1587 (oant 1560 grutbrocht oan it Frânske Hof; fan 1567 ôf yn finzenskip yn Ingelân) 1567 - 1570 regintskip fan Jakobus Stuart, greve fan Moray 1570 - 1571 regintskip fan Mattéus Stewart, 4de greve fan Lennox 1571 - 1572 regintskip fan Jan Erskine, 17de greve fan Mar 1572 - 1578 regintskip fan Jakobus Douglas, 4de greve fan Morton 1578 - 1587 regintskip fan kroanprins Jakobus 1587 - 1651Hûs STUART (de Lennox-tûke fan it Hûs Stewart) Jakobus VI 1587 - 1625 (fan 1603 ôf teffens kening fan Ingelân en Ierlân ûnder de namme Jakobus I) Karel I 1625 - 1649 (teffens kening fan Ingelân en Ierlân) Karel II 1649 - 1651 (teffens kening fan Ingelân en Ierlân; earste regearperioade; ôfset) 1651 - 1660 oerhearsking troch de Ingelske Republyk 1660 - 1694Hûs STUART (restaurearre, 1ste kears) Karel II 1660 - 1685 (teffens kening fan Ingelân en Ierlân; twadde regearperioade) Jakobus VII 1685 - 1688 (teffens kening fan Ingelân en Ierlân ûnder de namme Jakobus II; ôfset) Marije II & Willem II 1689 - 1694 (regearren as man en wiif tegearre; teffens keninginne en kening fan Ingelân en Ierlân ûnder de nammen Marije II en Willem III) 1694 - 1702Hûs fan ORANJE Willem II 1694 - 1702 (teffens kening fan Ingelân en Ierlân ûnder de namme Willem III) 1702 - 1707Hûs STUART (restaurearre, 2dde kears) Anne 1702 - 1707 (teffens keninginne fan Ingelân en Ierlân)
De ein fan 'e Skotske ûnôfhinklikens Troch de Act of Union, fan 1707, waarden de keninkriken Ingelân (mei Wales dêrby ynbegrepen) en Skotlân mei-inoar feriene en hold Skotlân op te bestean as in selsstannich keninkryk, om op te gean yn it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje, dêr't yn 1801 troch in nije Act of Union ek Ierlân mei gearraande. De uny mei Ingelân kaam net út 'e loft fallen; krekt oarsom, it wie in ûntwikkeling dy't al oan 'e gong wie sûnt 1603, doe't mei keninginne Elizabet I it Ingelske keningshûs Tudor útstoar en har neef, Jakobus VI fan Skotlân de Ingelske troan urf. Hy regearre dêrnei sawol Skotlân as Ingelân (en dêrnjonken ek Ierlân) yn in personele uny as Jakobus I en VI (of, sa't men yn Skotlân seit: Jakobus VI en I). Mei't Ingelân dúdlik it rikere en wichtiger part fan 'e domeinen fan 'e nije kening wie, fêstige er him fansels yn Londen. Troch de folgjende generaasjes hinne ferlearen de keningen wat langer wat mear de bân mei Skotlân; Karel II wie de lêste Skotske kening dy't noch de muoite naam om (yn 1651) nei Skotlân ôf te reizgjen om op Skotske grûn kroane te wurden (en dat inkeld noch om't yn Ingelân doedestiden de republyk útroppen wie).
Jakobityske en oare pretindinten Nei de ôfsetting fan 'e roomske Jakobus VII, yn 1688, makken de saneamde jakobityske pretindinten noch hast oardel iuw lang oanspraak op 'e troanen fan Ingelân, Skotlân en Ierlân. Harren oanhing wie lykwols benammentlik grut yn Skotlân, dêr't twaris, yn 1714 en 1745, grutskalige (mar bloedich delsleine) jakobityske opstannen plakfûnen. Hjir folgje de jakobityske keningen fan Skotlân yn ballingskip.
NAMMEPERIOADEOpmerkings: 1688 - 1807Hûs STUART Jakobus VII 1688 - 1701 Jakobus VIII 1701 - 1766 (de Alde Pretindint; yn Ingelân bekend as Jakobus III) Karel III 1766 - 1788 (de Jonge Pretindint; better bekend as Bonnie Prince Charlie) Hindrik I 1788 - 1807 (de jongste soan fan Jakobus VIII, in kardinaal fan 'e Tsjerke; stoar sûnder bern)
Nei de dea fan Hindrik Stuart, yn 1807, ferfoel de jakobityske oanspraak op 'e Britske troanen earst oan it Hûs fan Savoaye (1807-1840), doe oan 'e Modeenske tûke fan it Hûs Habsboarch-Loataringen (1840-1919), en einlings oan it Hûs Wittelsbach (sûnt 1919). De hjoeddeiske erfgenamt is Franz von Wittelsbach, hartoch fan Beieren. Noch hy noch ien fan syn foargongers hat sûnt 1807 besocht om 'e oanspraak yn 'e praktyk te bringen.
As in kuriozum kin fierders noch fermeld wurde dat de Ugandeeske diktator Idi Amin himsels fan 1976 ôf konsekwint "de ûnkroane kening fan Skotlân" neamde.
Sjoch ek List fan keningen fan Grut-Brittanje
Skotlân, List fan keningen fan
ru:Список монархов Шотландии