Wyatt Earp (útspr.: ['wa:iət œɹp], likernôch: "ûaai-jut urp"; folút: Wyatt Berry Stapp Earp; Monmouth (Illinois), 19 maart 1848 – Los Angeles, 13 jannewaris 1929) wie in Amerikaansk plysjeman en revolverman dy't yn 'e tiid fan it Wylde Westen sheriff of marshal wie yn rouwe plakken oan 'e Amerikaanske frontier, lykas Wichita, Dodge City en Tombstone. Hy late in ûngeduerich libben en wie fierders ek fuorman, jager op bizons, útsmiter, eigner fan ferskate saloons, gokker, bordeelhâlder, goudsiker en skiedsrjochter by bokswedstriden.

Earp waard ferneamd doe't er yn 1881 yn Tombstone mei syn bruorren Virgil en Morgan en syn freon Doc Holliday yn 'e Sjitpartij by de O.K.-Kraal trije banditen deaskeat dy't leden wiene fan 'e binde The Cowboys. Doe't de binde neitiid wraak naam, fierde Earp mei famyljeleden en freonen in skoft lang in fendetta tsjin harren, dy't bekend waard as de Earp Vendetta Ride. Letter makke Earp syn fortún ûnder de Goudkoarts fan Klondike en sette er him nei wenjen yn Kalifornje, dêr't er úteinlik yn 'e âlderdom fan 80 jier stoar sûnder ea yn in sjitpartij ferwûne rekke te wêzen. Tsjin dy tiid wied er in ikoan fan it Wylde Westen wurden as de taaiste en deadlikste revolverman fan syn tiid, in byld dat noch oanfitere waard troch de fierhinne fiktive biografy dy't yn 1931 fan him ferskynde. Neitiid hat Earp syn libben ûnderwerp west fan withoefolle films, tillefyzjeprogramma's, biografyen en romans.

Libben Jonkheid Wyatt Earp waard yn 1848 berne yn Monmouth, yn it westlike part fan 'e Amerikaanske steat Illinois, as de soan fan Nicholas Porter Earp (1813-1907) en dy syn twadde frou Virginia Ann Cooksey (1821-1893). Syn heit hie yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch fochten, en de jonge Wyatt waard ferneamd nei syn heite superieur út dy tiid, kaptein Wyatt Berry Stapp fan 'e 2e Kompanjy Frijwilligers te Pearde fan Illinois. Earp wie fan mingd Ingelsk en Ultsersk (d.w.s. Noardiersk protestantsk) etnysk komôf. Hy hie in âldere healbroer, Newton Earp (1837-1928), út it eardere houlik fan syn heit, en ek in âldere healsuster, Mariah Ann Earp, dy't lykwols as poppe fan tsien moannen yn 1839 kommen wie te ferstjerren. Fierders hied er fjouwer folle bruorren: James (1841-1926), Virgil (1843-1905), Morgan (1851-1882) en Warren (1855-1900), mei dêropta trije folle susters, Martha (1845-1856), Virginia (1858-1861) en Adelia (1861-1941).

Yn maart 1849 of mooglik begjin 1850 joech Nicholas Earp him mei sa'n hûndert oaren by in karavaan fan kapweinen dy't dwers troch Noard-Amearika op Kalifornje oan soe, dêr't op dat stuit de Kalifornyske Goudkoarts geande wie. It wie Nicholas der lykwols om te dwaan en fyn dêr goede lânbougrûn ynstee fan goud. Hy besleat dêrom te ferfarren nei de omkriten fan San Bernardino, yn it súdlike diel fan 'e steat. Underweis nei it westen waard syn dochter Martha lykwols siik, dy't net wer opbetterje en úteinlik ferstjerre soe. De Earps joegen dêrom de reis nei it westen op en fêstigen har yn 'e steat Iowa, dêr't se in boerespultsje stiften op 11 km noardeastlik fan 'e stêd Pella. Dêre brocht Wyatt Earp syn jonkheid troch.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) fungearre Nicholas Earp, mei syn militêre eftergrûn, as rekruteur foar it Noardlike Leger en as sersjant-ynstrukteur foar militêre ienheden dy't yn 'e omkriten fan Pella oprjochte waarden. Wyatt syn healbroer Newton en syn âldere bruorren James en Virgil namen tsjinst en fochten oan 'e Noardlike kant yn 'e boargeroarloch, wylst Wyatt en syn jongere bruorren Morgan en Warren efterbleaune om thús it boerewurk te berêden. Wyatt wie noch mar trettjin jier doe't de oarloch útbriek, wat fierstente jong wie om tsjinst te nimmen, mar likegoed besocht ferskate kearen om fan hûs fuort te rinnen en soldaat te wurden. Eltse kear spoarde syn heit him lykwols op en sleepte him mei werom nei hûs. James rekke slim ferwûne by gefjochten yn 'e omkriten fan Frederickstown, yn Missoery, en kaam yn 'e simmer fan 1863 thús. Newton en Virgil fochten mei yn ferskate fjildslaggen yn Firginia.

Iere jierren Op 12 maaie 1864 organisearre Nicholas Earp in nije karavaan kapweinen en sette nei in fertraging fan hast fyftjin jier mei syn húshâlding de reis nei it westen fuort. De Earps kamen op 17 desimber 1864 oan yn San Bernardino, dêr't Newton en Virgil har nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch, yn april 1865, by harren joegen. Yn 'e simmer fan 1865 fûn Virgil wurk as koetsier foar de postkoetsen fan Phineas Banning yn Imperial Valley, en de doe sechstjinjierrige Wyatt holp him dêrby. Yn 'e maityd fan 1866 gie Wyatt op eigen manneboet oan 'e slach by in fuormanderij, wêrnei't er twa jier lang mei hynder-en-wein fracht ferfierde fan Wilmington by Los Angeles oer San Bernardino en Las Vegas nei Salt Lake City en werom. Yn 'e maityd fan 1868 waard er ynhierd om nedichheden foar de oanlis fan it spoar fan 'e Union Pacific Railroad oan te fieren nei de spoarein yn it Territoarium Wyoming. It wie yn dy tiid dat Earp sawol it gokken as it boksen oanlearde. Op 4 july 1868 of 1869 spile er foar it earst foar skiedsrjochter by in gefjocht tusken de boksers John Shanssey en Mike Donovan yn Cheyenne (Wyoming).

Underwilens wie de húshâlding Earp wer weromferfearn fan Kalifornje nei it easten, dêr't Wyatt syn heit Nicholas yn Lamar (Missoery) de pleatslike plysje (constable) waard. Wyatt joech him dêr yn 1869 wer by de famylje. Syn heit naam op 17 novimber 1869 ûntslach as plysje om ynstee rjochter te wurden. Wyatt waard doe yn syn plak beneamd as constable. Tsjin 'e ein fan dat jier kaam er yn 'e kunde mei Urilla Sutherland (±1849-1870), de dochter fan 'e pleatslike hoteleigner William Sutherland en dy syn frou Permelia, dy't út New York-Stêd wei nei Lamar ferfearn wiene. Wyatt en Urilla trouden op 10 jannewaris 1870, en kochten yn augustus fan dat jier foar $50 in eigen hûs yn Lamar. Tsjin dy tiid wie Urilla yn ferwachting, mar ear't se it bern te wrâld bringe koe, stoar se oan tyfus.

Nei de dea fan syn frou rekke it mei Wyatt Earp yn in delgeande spiraal. As ûnderdiel fan syn wurk as constable wie it syn taak om in soarte fan kontribúsje te ynjen, dêr't de pleatslike skoallen fan betelle waarden, mar yn maart 1871 waard er troch de oerheid fan Barton County foar de rjochter dage op 'e beskuldiging dat er de kontribúsje wol ine mar nea ynlevere hie. Fjirtjin dagen letter folge der in nije rjochtsaak, tsjin him oanspand troch in James Cromwell, dy't bewearde dat Earp offisjele dokuminten ferfalske hie oer de hichte fan in jildbedrach dat Cromwell oan him betelle hie. De rjochtbank joech Cromwell gelyk en lei beslach op Earp syn meanmasine, dy't likernôch it ferskil wurdich wie tusken it bedrach dat Cromwell oan Earp betelle hie en it bedrach dat Earp by it stedsbestjoer ynlevere hie.

Op 28 maart 1871 waarden Earp, in Edward Kennedy en in John Shown beskuldige fan it stellen fan twa hynders fan in William Keys. Earp waard dêrfoar op 6 april arrestearre troch de U.S. marshal J.G. Owens. Nei twa moannen yn foararrest sitten te hawwen yn ôfwachting fan 'e behanneling fan 'e rjochtsaak, ûntsnapte Earp troch in gat yn it dak fan syn sel en pykte út nei Peoria, yn Illinois. Dêr soed er him neffens syn biograaf Stuart N. Lake yn 'e winter fan 1871 op 1872 ûnderholden hawwe mei de jacht op bizons, mar Earp wenne yn Peoria yn it hûs fan 'e madam Jane Haspel, dy't in bordeel hie, en hy waard trije kear (yn febrewaris, maaie en septimber 1872) arrestearre foar "it hâlden fan en oanwêzich wêzen yn in kweaferneamd hûs". De arrestaasje fan 10 septimber soe neffens in artikel yn 'e Peoria Daily National Democrat plakfûn hawwe op in driuwend bordeel mei as namme de Beardstown Gunboat. Dat bordeel soed Earp sels dreaun hawwe mei in Sally Heckell, dy't harsels syn frou neamde.

Begjin fan 'e leginde Der binne oanwizings dat Earp yn 1873 en 1874 wer troch de tiid kaam mei it bejeien fan bizons. Begjin 1874 ferhuze er nei Wichita, yn Kansas, dêr't de registraasje fan arrestaasjes út dy tiid bewiist dat der fan begjin 1874 oant mids 1876 in Sally Earp wie dy't in bordeel dreau mei Bessie, de frou fan Wyatt syn broer James. It liket der sadwaande op dat Earp yn dy dagen de kost fertsjinne as poaier, mar histoarikus Robert Gary L. Roberts mient dat it wierskynliker is dat er fungearre as útsmiter en it runnen fan it bordeel oan syn 'frou' oerliet. Wichita wie yn dy tiid de westlike útein fan it spoar, dy't as bestimming fungearre foar it opdriuwen fan fee út Teksas wei, dat dêr op 'e trein nei de slachthuzen yn St. Louis en Chicago set waard. As it fee arrivearre, rûn de stêd fol mei dronken cowboys dy't allegear fjoerwapens by harren hiene en de ein fan harren lange reis fiere woene. Sadwaande wie der in protte wurk foar de plysje om it spul yn 'e stringen te hâlden.

Op 21 april 1875, nei de ferkiezing fan in Mike Meagher as marshal, waard Wyatt Earp formeel beneamd ta helpmarshal, mei in salaris fan $100 yn 'e moanne. Dêrnjonken wurke er ek as krûpeur fan faro yn in pleatslike saloon. Doe't er yn 1876 belangstelling toande foar it amt fan marshal, waard er der troch in eardere marshal, Bill Smith, yn it iepenbier fan beskuldige dat it inkeld syn bedoeling wie om as marshal syn bruorren baantsjes as helpmarshal te besoargjen. Dêrop briek tusken Earp en Smith slaanderij út, en dat late derta dat marshal Meagher twongen wie om Earp op 2 april 1876 út syn funksje as helpmarshal te setten. Nei't er dat jiers op 'e nij keazen waard ta marshal woe Meagher Earp op 'e nij as helpmarshal oanstelle, mar de gemeenteried fan Wichita wie dêr ferdield oer, en de saak rekke yn in ympasse. Doe't Earp syn broer James letter dat jier in bordeel iepene yn Dodge City (Kansas), ferliet Earp Wichita om dêrhinne te gean.

Yn 1876 naam Dodge City de funksje as feestedsje oan 'e westlike útein fan it spoar en de noardlike útein fan it Chisolm Trail út Teksas wei oer fan Wichita. Earp arrivearre dus op in opportún momint yn Dodge City, dêr't er yn maaie fan dat jier helpmarshal waard ûnder marshal Larry Deger. Der binne oanwizings dat Earp de winter fan 1876 op 1877 trochbrocht yn Deadwood (Súd-Dakota), in oar plak dat om dy tiid hinne in grutte befolkingsgroei trochmakke. Yn elts gefal wied er oan 'e ein fan 1877 net mear helpmarshal yn Dodge City, want doe't yn oktober fan dat jier de bandyt Dave Rudabaugh in konstruksjekamp fan 'e Atchison, Topeka & Santa Fe Railway berôve en nei it suden flechte, krige Earp in tydlike oanstelling as U.S. marshal om efter de man oan te gean. Earp efterfolge Rudabaugh oer in ôfstân fan likernôch 640 km nei Fort Griffin, oan 'e rivier de Brazos yn Teksas. Dêr kaam er yn 'e kunde mei de gokker Doc Holliday, dy't mei Rudabaugh kaartspile hie. Dyselde fertelde him dat Rudabaugh wer weromgien wie dat út nei Kansas.

Sadwaande kearde Earp yn 'e maityd fan 1878 sûnder wat bedijd te hawwen werom yn Dodge City, dêr't er op fersyk fan boargemaster James H. "Dog" Kelley de funksje fan helpmarshal wer op him naam, diskear ûnder marshal Charlie Bassett. Dy simmer doeken Doc Holliday en Big Nose Kate, mei wa't er oer de putheak troud wie, op yn Dodge City. Yn dyselde snuorje arrivearre der ek in kloft Teksaanske cowboys yn 'e stêd, oanfierd troch in Ed Morrison, dy't al sjittende troch Front Street fjouweren, de Long Branch Saloon yngiene, dêr de boel fandalisearren en oare klanten lestichfoelen. Earp kaam op it trelit ôf, mar doe't er yn 'e saloon kaam, wiene der in stikmannich fjoerwapens op him rjochte. Holliday, dy't efteryn 'e saak oan it kaartspyljen wie, sette doe syn eigen revolver Morrison tsjin 'e holle oan, wêrmei't er dyselde en syn trewanten twong om harren oer te jaan. Earp sei neitiid altyd dat Holliday him dêrmei sûnder mis it libben rêden hie, en de beide mannen waarden goede freonen.