Hannes de Boer (Hollum, 2 desimber 1899 – Rijswijk, 2 april 1982) wie in Frysk fierspringer,

De Amelanner Hannes de Boer waard by it fierspringen seis kear Nederlânsk kampioen, die twa kear mei oan de Olympyske Spullen en ferbruts seis kear it Nederlânsk rekôr. Syn lêste rekôr fan 7,37 m út 1928 hâlde 23 jier stân, oant it yn 1951 ferbrutsen waard. De Boer wie earste Nederlanner dy't fierder as 7 meter sprong.

De Boer, dy't lid wie fan Te Werve en Vlug en Lenig yn De Haach, wurke yn it deistich libben earst op kantoar, mar waard letter filmer by Poligoon-Profilti. Hy ferstoar op 2 april 1982 yn de âldens fan 82 jier yn Rijswijk.

Kampioenskippen Ynternasjonale kampioenskippen UnderdielTitelJierFierspringenIngelsk AAA-kampioen1928, 1931

Nederlânske kampioenskippen UnderdielJierFierspringen 1925, 1926, 1927, 1928, 1929, 1930

Nederlânske rekôrs UnderdielPrestaasjeDatumPlakFierspringen7,04 m27 july 1924DoardtFierspringen7,18 m19 july 1925HaarlimFierspringen7,215 m8 augustus 1926HaarlimFierspringen7,30 m7 augustus 1927HaarlimFierspringen7,32 m30 augustus 1931RijswijkFierspringen7,37 m *6 july 1928Londen

* Oat 1932 wegere de KNAU yn it bûtenlân levere prestaasjes as rekord te erkennen. Letter waarden in stikmannich rekords no wol as nasjonaal rekord rekkene.

Persoanlik rekôr UnderdielPrestaasjeDatumPlakFierspringen7,37 m (eks-NR)6 july 1928Londen

Kategory:Frysk fierspringer Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Amelânsk persoan Kategory:Persoan berne yn Hollum Kategory:Persoan berne yn 1899 Kategory:Persoan stoarn yn 1982