thumb|Brandenburgh Brandenburgh, ek wol, skreaun as Brandenburg, is de namme foar it wen- en wurkhûs op de hoeke fan it Lytssân yn de binnenstêd fan Snits.

It pân bestiet út in sealdak mei hjirfoar in wyt plastere trepgevel mei toppilaster.

It gebou dat stammet út de sechtjinde iuw, is sûnt 1968 oanmerke as ryksmonumint en krige har namme troch de eardere drukkerij en útjouwerij Brandenburgh & Co, dy't hjir oant 1975 siet. De lêste direkteur fan de ûndernimming, L. Brandenburgh, wie ek sekretaris fan it foaroer steande Frysk Skipfeart Museum.Frysk Skipfeartmuseum FSM001004786

Yn 1985 is it gebou folslein renovearre, benammen de gevel wie der min oan ta. Yn dat jier is it pân ek yn gebrûk nomd troch arsjitekteburo A. Wijbenga.Frysk Skipfeartmuseum, FSM001012577 Letter soe it Sneeker Nieuwsblad him hjir fêstigje.

Kategory:Bouwurk yn Snits Kategory:Ryksmonumint yn Snits Kategory:Hûs yn Snits (gemeente) Kategory:Hûs yn Súdwest-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Snits (gemeente) Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 16e iuw