Sylvia Gertrudis Martyna Hoeks (Maarheeze, 1 juny 1983) is in Nederlânske aktrise en fotomodel.

Wurkpaad

At hja 14 jier is docht Sylvia mei oan in modellewedstrijd. Dêrtroch krige sy in protte opdrachten. Neist har wurk as model makket sy ek har VWO-opleiding ôf (2001). Yn 2002 docht se audysje by de toanielskoallen fan Amsterdam en Maastricht. Beide wolle har talitte, mar sy kiest foar Maastricht. Yn 2004 kriget Sylvia de haadrol yn de telefyzjefilm Staatsgevaarlijk (NPS). Yn 2005 spilet sy de mêtresse fan Martin Morero yn Gooische Vrouwen. Yn 2005 hat se in rol yn de telefyzjerige Vuurzee (Sonja Looman) op Nederlân 3 (VARA). De rol fan 'it famke' hat se yn de film Duska yn 2007. Dy rol besoarget har in Gouden Keal. Yn 2009 spilet sy de oertsjûgjende rol fan Siuwske boeredochter Julia yn it drama De Storm, in film oer de wettersneed fan 1953 en yn 2010 jout sy stâl oan Tirza yn de film Tirza, in ferfilming fan de roman mei deselde namme fan Arnon Grunberg.

Yn 2010 spile sy de rol fan Antje Zwager yn de dramarige Bloedverwanten (VARA), op 15 maart 2012 ferskynde seizoen 2 fan de rige. Yn 2011 krige se de haadrol yn it thrillerdrama Overspel fan de VARA, mei Fedja van Huêt en Ramsey Nasr. 2013 kaam it 2e seizoen fan de rige op telefyzje.

Hoeks hie 2013 har earste haadrol yn in Ingelsktalige film The Best Offer. Fan 2016 ôf liket it der op dat Hoeks ynternasjonaal trochbrekt: se spile ûnder oaren mei Harrison Ford yn in troch Denis Villeneuve regisearre ferfolch op de film Blade Runner dy't yn 2017 útkaam.

Rollen Telefyzjerigen 2005/06: Vuurzee (seizoen 1) 2006: Gooische vrouwen (3 ôfleveringen yn seizoen 3) 2008: Taartman 2009: 't Vrije Schaep 2009: Vuurzee (seizoen 2) 2010: Bloedverwanten 2011: Overspel

Telefyzjefilms 2005: Staatsgevaarlijk 2007: Basilicum & Brandnetels 2008: Eis frei2009: Taartman2009: Caresse (koart) 2010: Dominique (koart) 2013: 't Schaep in Mokum - Ellie de Beer 2019: SEE - Queen Kane (haadrol)

Bioskoopfilms 2005: Frankie 2007: Duska 2008: Tiramisu 2009: De Storm 2010: Tirza 2010: Het Bezoek (filmwikepresint) 2011: De bende van Oss 2012: Het Meisje en de Dood - Elise 2013: The Best Offer - Claire Ibbetson 2013: Bro's Before Ho's - Anna 2012: La migliore offerta 2014: All those Sunflowers 2015: Von Zeit zu Zeit 2017: Whatever Happens 2017: Renegades - Lara Simic 2017: Blade Runner 2049 - Luv 2017: Whatever Happens - Hannah 2018: The Girl in the Spider's Web - Camilla Salander

Teater 2007: Steel Magnolia 2008: Ribstuk 2008: Echo-o-o 2010: SoyBomb - Monk 1: Poskantoor

Underskiedings Gouden Kalf 2007 Sylvia Kristel Award 2014 Bêste komyske aktrise op it Fantastic Fest yn AustinDe Telegraaf, Amerikaanse filmprijs voor Sylvia Hoeks

Keppeling om utens Sylvia Hoeks by de IMDb Offisjele webside fan Sylvia Hoeks

Kategory:Nederlânsk model Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Gouden Keal-winner Kategory:Persoan berne yn 1983