Mariënhafe (Dútsk: Marienhafe, Eastfrysk Plat: MainhôovOostfräisk woordenbauk) is in flekke en gemeente yn 'e lânkring Auwerk fan de dielsteat Nedersaksen yn East-Fryslân. It leit sa'n 20 kilometer noardeast fan Emden en is it bestjoersintrum fan 'e Samtgemeinde Brookmerland en it haadplak fan it histoaryske Brokmerlân. Wat oerflak oanbelanget is Mariënhafe ien fan de lytste gemeenten fan East-Fryslân. It doarp Tjüche heart by de gemeente.
Mariënhafe hat ynwenners ().
Geografy Mariënhafe leit yn it westen fan East-Fryslân, likernôch 20 km noardeast fan Emden en 10 km súd fan Norden. It grinzget yn it noardwesten oan 'e gemeente Osteel, yn it noardeasten oan 'e gemeente Leezdorf, yn 't easten oan 'e gemeente Rechtsupweg, yn 't suden oan 'e gemeente Upgant-Schott en yn 't súdwesten oan 'e gemeente Wirdum. By Mariënhafe ûntspringt de Abelitz, dy't yn 'e Alte Greetsieler Sieltief útmûnet en iit doarp mei it Eastfryske wetterwegenet ferbynt.
Troch de tichte bebouwing is Mariënhafe oan de buorplakken Osteel en Upgant-Schott fêstwoeksen.
Wapen Blazoenearring: "Dield troch read en goud; boppe-oan in rizende gouden earn mei gouden kroanen op it haad en de twa fleugeltips; ûnderoan in read anker tusken twa omkearde reade bekers."
De gûverneur yn Auwerk karde it wapen op 28 augustus 1962 goed. De earn, ôfbylde as boarstbyld, komt fan it wapen fan 'e haadlingeskaai Tom Brok. It anker ferwiist nei it feit dat Mariënhafe yn 'e midsiuwen in taflechtsoarde foar de Likedielers. De twa bekers tinke werom oan har lieder Klaus Störtebeker, dy't twa omkibele bekers yn syn wapen hân hawwe soe.
Skiednis Mariënhafe waard foar it earst neamd yn 1251 as ecclesie der curia sancta Marie (hôf fan de hillige Marije). Fan it jier 1362 is de namme curia Virginis gloriose (hôf fan de glorieuze Faam) oerlevere. It plak soe syn oarsprong hawwe yn in hearehôf, dat neffens lettere oerleverings yn it begjin fan 'e 13e iuw troch aadlike eigners oan de premonstratinzers skonken waard.
It doarp waard yn 1424 op grûn fan arbitraal fûnis fan Bremen mei de namme Marienhoff'' ta merkplak ferheft. Doe't it Brokmerlân him om 'e mid 13e iuw hinne him as in eigen lângemeente ûntjoech, wie Mariënhafe, mank mei Engerhafe, Victorbur en Auwerk, ien fan 'e fjouwer plakken dy't ûnder spesjale beskerming stiene.
Ta it karspel hearden ek de neie plakken Upgant, dy't mooglik al yn 945 foar it earst neamd waard, en Schott en Tjüche, dy't pas fan 'e 16e iuw ôf neamd waard.
De pleatslike tsjerke stie bekend om syn oarspronklike benei 80 meter hege kistfoarmige toer en syn trije skippen, dy't ek as beaken tsjinne. Mariënhafe lei oarspronklik oan de Leybocht en dus oan see. De waadgebieten "Leybocht" en "Kuipersand" (foar Mariënhafe yn 'e mûning fan 'e Iems by dy syn oergong nei de Noardsee) hawwehar nammen krigen fan 'e âlde trijeskippige grutte tsjerke fan Mariënhafe. De toer en alletrije skippen wiene oan 'e noardkant bedutsen mei koper ("kuiper") en oan 'e súdkant mei laaistien ("ley") bedutsen, sa't de tsjerke fan 'e see ôf troch it wikseljende útsjoch op de koperen en laaistiennen kant foar ynwijden in oanwizing joech foar de ek by leechwetter befarbere slinken en oare wetteroerflakken. Sûnder dy bysûndere kunde wiene it plak en syn fan 'e tij ôfhinklike haven fan 'e see ôf net yn te nimmen.
Doe't Mariënhafe troch lânoanwinning yn it binnenlân kaam te lizzen, naam de betsjutting fan it plak bot ôf en ferlear de toer syn meast wichtige funksje. It doarp hat gjin haven mear en ek de tsjerke en de skippen fan de tsjerke waarden yn 1829 yngreven lytser makke omreden de grutte ûnderhâldskosten fan it gebou. De Sint-Bonifasiustsjerke yn Ljouwert jout likernôch in yndruk fan de oarspronklike grutte fan de toer en haadskip fan 'e tsjerke fan Mariënhafe.
De seerôver Klaus Störtebeker hat dêr mooglik oan 'e ein fan de 14e iuw ûnderdak fûn. Dêr yn ruil foar holp er de haadlingen fan Brokmerlân yn har striid om 'e hegemony yn East-Fryslân.
It doarp Tjüche kaam yn 1973 by de gemeente.
Tsjerke
De Marijetsjerke wie oarspronklik in basilyk mei trije skippen, in dwersskip en in toer mei seis ferdjippings. Hy wie ea de grutste tsjerke fan East-Fryslân. Yn 1829 waarden tsjerke en toer in stik ferlytse. De tsjerke waard oant ta it middenskip ôfbrutsen, dêr't ek in 250 meter lange sânstiennen fries, besteande út 124 ôfsûnderlike ôfbyldings, dy't fuortendaliks ûnder it dak sieten, waard sloopt. De toer, dy't hjoed-de-dei noch mar fjouwer ferdjippings hat, wie ea in wichtich seebeaken. It oargel is fan 1713 en is boud troch Gerhard von Holy, is noch hast folslein bewarre bleaun.
Oant de Reformaasje hearde Brokmerlân tsjerklik ta it Bisdom Múnster. Oarspronklik wie it ûnderbrocht by de proasdy Hinte, mar yn 1250 skate de biskop it gebiet yn it ramt fan in fermoedsoeningsferdrach fan de proasdij ôf en stelde er syn offisjaal oan. Dêrhearden de karspels Blaukirchen, Burhafe (om 1500 by it kleaster Ihlow hearrend), Engerhafe, Forlitz, Mariënhafe en Wiegboldsbur ta. Letter kamen dêr noch oare karspels by.
De Nij-Apostolyske Tsjerke hat syn mienskipssintrum oan de Kirchstraße.
Nijsgjirrich Mariënhafe hat in monumint ta oantins en eare fan Klaus Störtebeker, de kaper en oanfierder fan de Likedelers dy't dêr yn 1396 syn domisylje hie. Sûnt 4 july 1999 stiet Mariënhafe yn it Guinness Book of Records neamd as "stêd mei de langste teetafel yn 'e wrâld" dy deis kamen mear as 3000 minsken yn it sintrum byinoar en nim plak oan de 620 meter lange tafel en de Eastfryske teeseremoanje út te fieren. Yn nit ramt fan it 10-jierrich jubileum fan it rekôr, berikten de ynwenners fannijs in wrâldrekôr yn it Guinness Book. Dêr ferklaaien 1878 minsken har as piraten, en dêr ferbrieken se it eardere rekôr mei fan 1140 piraten fan Heidepark Soltau.
Ekonomy en ferkear As sintrum fan 'e gearwurkingsgemeente Brookmerlân hat Mariënhafe yn it sintrum alle foarsjennings dy't oan 'e deistich ferlet foldwaan. Dêrnjonken binne der guon spesjaalskaen en hoarekagelegenheden.
De flekke leit oan 'e rykswei 72 tusken Norden en Georgsheil en oan 'e provinsjale wei 26 fan Osterupgant nei Wirdum. Yn Mariënhave is in treinstasjon fan it spoar fan Emden nei Norddeich-Mole
Polityk thumb|It riedhûs De gemeentereid bestiet út 13 riedsleden.
Partij Persintaazje stimmen Anzahl SitzeTal sitten SPD 50,13 % 7 Brookmer Wählergemeinschaft (BWG) 19,34 % 2 CDU 14,34 % 2 Moin 9,49 % 1 Die Grünen 6,70 % 1
Sjoch ek Marijetsjerke (Marienhafe)
Keppelings om utens Flekke Marienhafe yn 'e Samtgemeinde Brookmerland Webstee fa 'e gemeente Marienhafe (; 0,9 MB) yn 'e doarpebeskriuwings fan it Ostfriesische Landschaft
Kategory:Plak yn Auwerk (distrikt) Kategory:Gemeente yn East-Fryslân Kategory:Brookmerlân (Samtgemeinde)