Naema Tahir (Slough (ûnder Londen), 23 augustus 1970) is in Nederlânsk skriuwer. Se is de dochter fan Pakistaanske âlden.

Yn 1980 kaam de hûshâlding Tahir nei Nederlân om har nei wenjen te setten yn Etten-Leur. Tahir wenne efterelkoar yn Slough, Etten-Leur, Faisalabad (Punjab), dêr't har âlden oarspronklik wei komme, Leien, Lagos en Straatsburch. Sy studearre Nederlânsk en rjochten yn Leien oant 1996 en wurke as jurist foar Nederlânske en ynternasjonale ynstellingen. Sy wennet yn Straatsburch, dêr't sy oant maart 2006 jurist minskerjochten foar de Ried fan Jeropa wie. Sy gong mei ferlof om faker yn Nederlân wêze te kinnen en oan har Nederlânsktalige boeken wurkje te kinnen. Omdat Nederlânsk har fjirde taal is giet it skriuwen yn dy taal better at sy it geregeldwei heard, lêst.

Troch har opiny-artikelen yn de NRC krige sy it stimpel 'kritysk moslima'. Tahir wie ien fan de seis froulju dy't ynterviewd waarden yn it boek De derde feministische golf fan de Flaamske polityk-filosoof Dirk Verhofstadt en waard ek útnûge foar it telefyzjeprogramma Zomergasten, jiergong 2008.Naema Tahir te gast bij Zomergasten VPRO, snein 10 augustus 2008

Fan 2011-2012 wie Tahir kollumnist by Buitenhof en it NCRV-telefyzjeprogramma Altijd Wat. Yn 2019 promovearre hja op it ûnderwerp 'twongen houlik'. De veranderde inzichten van Naema Tahir over het gearrangeerde huwelijk, podcast.

Tahir is troud mei rjochtsfilosoof Andreas Kinneging.

Bibliografy Een moslima ontsluiert, 2004 Kostbaar bezit, 2006 Eenzaam heden, 2008 Groenkapje en de bekeerde wolf, 2008 Bruid van de dood, 2011 Gesluierde vrijheid : de moslima in de moderne wereld, 2015 Brieven in Urdu, 2016 Feminisme en groepsculturen, 2019 (essay yn de bondel Wolf - Dertien essays over de vrouw, ISBN 9789045037837, gearstald troch Maartje Laterveer) ''Breaking Eurocentric Frames on Arranged Marriage: Uncovering the Dynamics of a Marital Institution, 2022. Eleven ISBN 9789462362871

Keppeling om utens Leestafel, Oer Een moslima ontsluiert

Kategory:Ingelsk abbekaat Kategory:Ingelsk romanskriuwer Kategory:Ingelsk publisist Kategory:Ingelsk kollumnist Kategory:Ingelsk feminist Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk feminist Kategory:Ingelsk persoan fan Pakistaansk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Pûndjaabsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Pakistaansk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Pûndjaabsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1970