De Joerstrastins, of: Jourssastins, wie in stins oan de Swette yn Snits.
It pân wurdt foar it earst neamd yn 1407 yn in skeel tusken Rienck Bockema en it Johanniterkleaster oer de eigendomsrjochten fan twa stinzen op syn grûngebiet. Der waard bepaald dat Bockema it pân yn eigendom krige, it oare pân (de Johansmastins) gie nei it kleaster (dat de famylje Bockema sels yn hannen krige). De bewenner destiids wie in pachtboer fan it kleaster.
De stins hat grif út in saneamde donjon bestien. By graafwurk op dit steed is in fundearring fan reade roaswinkels út de 14e iuw oantroffen.
Op de lokaasje fan de Jourstrastins stiet tsjintwurdich de Swettestate.
Kategory:Earder bouwurk yn Snits Kategory:Stins Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Snits (gemeente) Kategory:Stins of state yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 14e iuw