thumb|Liuweburch De Liuweburch wie in stins oan de lykneamde strjitte yn de binnenstêd fan Snits.
It gebou wie eigendom fan Louw Donia, dy't fan 1505 - 1515 grytman fan it âlde Wymbritseradiel wie. De stins hat mooglik fersierd west me liuwen, dizzen wienen ûnderdiel fan it famyljewapen fan de Donia's. Hjiroan kaam it pân oan har namme.
It pân bestie út in stienen haadgebou mei in rom foarplein. Letter soe dit plein folboud wurde, wêrtroch't de eftergevel fan it pân foarme waard troch de foargevel fan de stins. De Liuweburch wie in saneamde sealstins.
Letter 1900 waard oan it gebou in fabryk boud, hjirby waarden de fundearrings fan oerwulfde romtes fûn. Hjiryn waarden skrinkels fan minsken fûn, mooglik wienen de romtes grêfkelders of ûnderdielen fan de fundearing fan it pân.
Op de lokaasje fan it gebou stiet it Amicitia Teater, tsjintwurdich CineSneek neamd.
Kategory:Earder bouwurk yn Snits Kategory:Stins Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Snits (gemeente) Kategory:Stins of state yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 16e iuw