De Bonningastins (letter: Harinxmastins) in eardere stins yn Loaiïngea.
It gebou komt foar it earst yn de boeken foar yn 1490, as Low Broer Bonninga hjir wenjen giet. De wichtichste stins fan de famylje Bonninga stie lykwols yn Toppenhuzen. Hjirnei kaam it pân yn hannen fan syn dochter Ath Bonninga. Yn 1511 waard Sirick Harinxma, de man fan Ath Bonninga, neamd as eigener. Yn 1622 waard de stins werjûn op in kaart fan Winsemius, dy't oanjout dat de stins flakby de tsjerke fan Loaiïngea stie. Yn 1664 is der gjin sprake mear fan in stins op dizze lokaasje, mar wurdt sprutsen oer in pleats.
Kategory:Loaiïngea Kategory:Earder bouwurk yn Súdwest-Fryslân Kategory:Stins Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Snits (gemeente) Kategory:Stins of state yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 17e iuw