thumb|Frittemahûs yn 1649 It Frittemahûs wie in stins yn de binnenstêd fan Snits.

De stins waard ûntdutsen by bouwurksumheden yn 1950. It pân stie op de hoeke fan de Merkstrjitte en de Peperstrjitte. Napjus beskriuwt it gebou yn syn kronyk. It gebou hie in gevelstien mei de tekst Non Plus Ultra ('oant hjir en net fierder'). Dizze tekst wie de biedwurd fan keizer Karel V, dy't in goede bân hie mei Snits.

It is net dúdlik wannear't it pân sloopt is, tsjintwurdich stiet op it steed restaurant Onder de Linden. De wapenstien fan de famylje Frittema is tsjintwurdich ynmitsele yn it pân fan Nij Nazareth.

Kategory:Earder bouwurk yn Snits Kategory:Stins Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Snits (gemeente) Kategory:Stins of state yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 18e iuw