Domrémy-la-Pucelle is in plak en gemeente yn it Frânske departemint Vosges (Fogezen). It doarpke leit oan 'e rivier de Maas; tichteby it doarp mûnet de Vair yn 'e Maas.
Westlik fan 'e buorren, noch op 'e himrik, leit in lytse beboske hichte fan 407 m, mei de namme Bosk Domrémy. De hichte oersjocht it oanswettende doarpke Les Roises.
Domrémy-la-Pucelle is ferneamd om't Jeanne d'Arc dêr berne waard. Har bertehûs is der noch en krige al yn 1840 de status fan monumint. It hûs is no part fan it museum. Eartiids hjitte it doarp Domrémy; "la Pucelle" is der oan taheakke omdat it de bynamme fan Jeanne d'Arc is, la pucelle d'Orléans (de faam fan Orléans).
Oardel kilometer besuden it doarp, op in hichte by it Bois Chenu, waard fan 1881 ôf de basilyk Sainte-Jeanne-d'Arc boud. De basilyk stiet op it plak dêr't Jeanne de stimmen fan hilligen hearde, dy't har oprôpen om Frankryk fan 'e Ingelsken (Godons) te befrijen.
Befolkingsûntjouwing Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2007Ynwennertal 210 225 222 199 182 167 154
Ofbylden
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn it Grutte Easten