Zwammerdam is in doarp yn 'e gemeente Alfen oan de Ryn yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Oant 1964 wie Zwammerdam in selsstannige gemeente. Ferskate dielen fan dy gemeente binne yn dat jier by de oanswettende gemeenten Alfen oan de Ryn, Bodegraven, Boskoop en Reeuwijk oergien.
Skiednis thumb|left|Nigrum Pullum. Yn 'e Aldheid wie der yn Zwammerdam it Romeinske fort "Nigrum Pullum" ('swarte grûn') mei floatfasiliteiten. Oerbliuwsels dêrfan binne te sjen op it terrein fan 'e Hooge Burg. In pear Romeinske skippen hearre by de wichtichste fynsten. thumb|left|Kaart út 1687 mei Swadenburgerdam Letter waard it plak Suadenburcherdam neamd, de daam by Suadenburg, dy't yn 1165 troch greve Floaris III fan Hollân oanlein waard om in ein te meitsjen oan 'e oerstreamingen fan 'e Ryn. Yn 'e rin fan 'e tiid waard dy namme ferbastere ta it Zwammerdam fan no.
Zwammerdam hat in lytse en kompakte âlde kearn mei kronkelende strjitsjes mei in histoaryske bebouwing. Meast hawwe de plakken yn 'e Rynstreek fanâlds lintbebouwing, mar Zwammerdam is om in plein hinne boud.
Zwammerdam is de thúsbasis fan it Jostiband Orkest. Nei alle gedachten is de keunstskilder Quiringh fan Brekelenkam (1622 – 1669) yn Zwammerdam berne.
Mûne Benoarden it plak stiet De Dikke Molen; bewesten stiet de Steektermolen.
Bekende Damsters Gerda Verburg (1957), minister en politika fan it CDA (en âld fakbûnsbestjoerslid fan it CNV) Tim Coronel (1972), Nederlânsk koereur
Ofbylden
Keppeling om utens Kaart fan de gemeente Zwammerdam yn de gemeente-atlas fan Kuyper
Kategory:Plak yn Alfen oan de Ryn Kategory:Eardere gemeente yn Súd-Hollân