Johann Olav Koss (Drammen, 29 oktober 1968) is in eardere Noarske reedrider.

Reedriden

Koss waard wraldkampioen oer-alles yn 1990, 1991 en 1994 en Europeesk kampioen oer-alles yn 1991. Yn 1992 wûn hy goud op de 1500 meter en sulver op de 10.000 meter by de Olympyske Spullen yn Tinges-Albertville. Yn 1994 wûn er goud op 1500, 5000 en 10.000 meter by de Spullen yn Lillehammer.

13.30.55 Foaral it wrâldrekord op de tsien kilometer by de Olympyske Spullen yn 1994 wie in grutte prestaasje. Syn tiid 13.30.55 wie mei grutte foarsprong de rapste tiid. Dit rekord waard pas yn it tiidrek fan de klapreed ferbrutsen.

Rekôrs Persoanlike rekôrs OfstânTiidDatumBaan500 meter37,987 jannewaris 1994Hamar, Vikingskipet1.000 meter1.14,910 jannewaris 1993Hamar, Vikingskipet1.500 meter1.51,2916 febrewaris 1994Hamar, Vikingskipet3.000 meter3.57,5213 maart 1990 It Hearrenfean, Thialf5.000 meter6.34,9613 febrewaris 1994Hamar, Vikingskipet10.000 meter13.30,55 20 febrewaris 1994Hamar, Vikingskipet

Wrâldrekôrs Nr.OfstânTiidDatumBaan1 3000 meter 3.57,52 13 maart 1990 It Hearrenfean, Thialf2 5000 meter 6.41,73 9 febrewaris 1991 It Hearrenfean, Thialf3 10.000 meter 13.43,54 10 febrewaris 1991 It Hearrenfean, Thialf4 Grutte fjouwerkamp 157,396 26 febrewaris 1991 It Hearrenfean, Thialf5 5000 meter 6.38,77 22 jannewaris 1993 It Hearrenfean, Thialf6 5000 meter 6.36,57 13 maart 1993 It Hearrenfean, Thialf7 5000 meter 6.35,53 4 desimber 1993 Hamar, Vikingskipet8 5000 meter 6.34,96 13 febrewaris 1994 Hamar, Vikingskipet9 1500 meter 1.51,29 16 febrewaris 1994 Hamar, Vikingskipet10 10.000 meter 13.30,55 20 febrewaris 1994 Hamar, Vikingskipet

Nei it reedriden Nei syn kariêre as reedrider, makke Koss syn genêskundestúdzje ôf. Hy gong oan de slach as ambassadeur foar UNICEF en waard lid fan it YOK. Yn 1999 troude Koss mei de Kanadeeske sakefrou en politika Belinda Stronach. Dit houlik hâlde gjin stân en yn 2003 binne se skieden. Yn 2009 troude Koss foar de twadde kear, by syn twadde frou hat er in soan.

Right To Play Right To Play is in organisaasje oprjochte troch Johann Olav Koss dy't ûntstien is út Olympic Aid in yn 1992 troch it Olympysk Organisaasje Komitee fan de spullen yn Lillehammer oprjochte goede doelen organisaasje. Mei dizze organisaasje wol Koss him ynsette foar de rjochten fan bern dy't it it dreechst hawwe. De programma's fan Right To Play rjochtsje har op famkes, minsken mei in beheining, bern mei HIV en AIDS, bern dy't op strjitte libje, eardere bernsoldaten en flechtlingen. De organisaasje is yn sa'n 20 lannen aktyf mei 41 projekten, en belûkt wraldwiid topsporters as ambassadeurs by de aktiviteiten. De organisaasje hat kantoaren yn Nederlân, Noarwegen, Switserlân, Itaalje, Ingelân, De Feriene Steaten en Kanada - dêr't ek it haadkantoor festige is. Koss is hjoed de dei algemien direkteur fan Right To Play.

Kategory:Noarsk reedrider Kategory:Noarsk Olympysk kampioen Kategory:Alvestêdetochtrider Kategory:Noarsk dokter Kategory:Noarsk reedrydtrainer Kategory:Noarsk sportbestjoerder Kategory:Goodwill-ambassadeur fan de Feriene Naasjes Kategory:Persoan berne yn 1968