thumb|John Eric Banck (1833-1902) Johann Erich (John Eric) Banck (Soerabaja, 3 novimber 1833Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek (NNBW): BANCK (John Eric) - Wiesbaden, 16 april 1902) wie in Nederlânske jurist, dichter, filantroop en grutgrûnbesitter. Hy wie fan 1858 oant 1893 eigner fan Skiermûntseach.
Libben en wurk Banck wie in soan fan Johann Erich Banck en Caroline van Hoff. Hy studearre rjochten oan de Universiteit Leien en promovearre dêre yn 1856. Hy waard jurist yn De Haach. Septimber 1858 kocht er, 24 jier âld, it eilân Skiermûntseach foar ƒ 97.058.It eilân wie beskreaun op ƒ 59.147,50. Bancks bea ƒ 97 058; de finale tawizing wie op 8 septimber 1858 (Dagblad van Zuidholland en 's-Gravenhage, d.d. 26 augustus 1858). Oare boarnen neame in oar bedrach: Schierweb neamt ƒ 96.055 as keappriis, ek wurdt ƒ 98.000 neamd. At er op it eilân tahâlde, wenne Bancks op de bûtenpleats Rijsbergen, boud troch de eardere eigners fan it eilân, de famylje Stachouwer.Ecomare-encyclopedie:Rijsbergen
Bancks liet 1860 de seedyk om de kwelders oan de Waadseekant oanlizze. De nije polder krige syn namme, de Banckspolder. Hy wie ek ien fan de oprjochters fan de seefeartskoalle fan Skiermûntseach, liet in seistal pleatsen sette en soarge foar it beplantsjen fan de dunen mei strângers. Yn de mande mei inkele ynvestearders realisearre er fierders de bou fan in nij badhotel, dat lykwols yn 1923 ferlern gie troch dúnôfslach.
Yn 1893 bea Bancks Skiermûntseach te keap oan foar ƒ 350.000.Kranten út dy tiid fernije de fraachpriis en gadingmakkers út Belgje en Dútslân. Der waard ƒ 240.000 oant ƒ 310.000 foar it eilân bean. Ek Joadske ynwenners fan Amsterdam en Rotterdam hienen belangstelling, mei it doel dêr in koloanje foar flechtlingen út Ruslân te fêstigjen (Rotterdamsch Nieuwblad, d.d. 17 en 24 july 1893). Yn desimber 1893 waard greve Berthold von Bernstorff de nije eigner. It eilân waard desimber 1893 kocht troch greve Berthold von Bernstorff, lid fan de Dútske Ryksdei, dy't it eilân benammen as jachtgebiet brûke soe. Maitiid 2010 binne twa gedichten fan de Taalrûte op Skiermûntseach wijd oan Banck (sjoch gallery).
Banck publiceerde neist juridysk wurk ek inkele dichtwurken sa as Zeepbellen, de Komeet en ferskate gelegenheidsgedichten. Ek levere er teksten oan de Nederlânske komponist Richard Hol (1825 – 1904).Het nieuws van den dag , d.d. 22 april 1902, overlijdensbericht mr. J.E. Banck
Banck wijde de neifolgjende dichtrigels oan Skiermûntseach:Yn: Het Vaderland d.d. 2 septimber 1934
Op de kruinen van de duinen,Staat de vuurkolom geplant,Die met luister in het duister,AIs een helder kustlicht brandt.Vol gevaren, zijn de baren,Waar de zeeman zoekend dwaalt;Donk're luchten doen hem duchten,Waar geen ster hem tegenstraalt.Maar van verre, al, een sterre,Schijnt de vuurbaak op het nat;Alle nooden zijn gevlodenEn de zwerver vindt zijn pad.
Banck wie boaske oan Sophie Springer. Hy stoar te Wiesbaden yn de âldens fan 68 jier en waard dêr ek beïerdige.
Bibliografy Specimen juridicum inaugurale continens: quaestiones de jure hodierno (proefskrift), Hazenberg, Leieen, 1856 Artikel 56 van het regerings-reglement, beschouwd en toegelicht, H.C. Susan, C.H. Zoon, De Haach, 1861 De koloniale staatkunde van het Kabinet ontvouwd en beoordeeld , de Erven H. van Munster & Zoon, Amsterdam, 1861 Geschiedenis der Nederlandsch-Indische Spoorweg-maatschappij, Visser, Den Haag, 1869 De Brielsche waternimf en de aesthetiek, Van Stockum, De Haach, 1872 Atchin's verheffing en val: met historische bijlagen en een oud kaartje der reede van Atchin, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1873 Vondel herdacht, De Graaff, Haarlim, 1879
Dichtwurk Het lied van de trom, de springfontein. bloemenraadsel, wit en rood. (fjouwer gedichten) Zeepbellen: lyrische dichtproeven, Hassels, Amsterdam, 1851 De komeet: een zang des tijds, Amsterdam, 1858 Mondig!: een lied Z.K.H. den Prins van Oranje toegezongen, De Breuk & Smits, Leien, 1858 Verspreide gedichten, Visser, De Haach, 1868 23 Mei MDCCCLXVIII : cantate bij de viering van het derde eeuwfeest ter herinnering aan den slag bij Heiligerlee (23 Mei 1568), Visser, De Haach, 1868 Ter herinnering, 17 Juni 1877 - serenade: op. 19 (t.g.v. overlijden en begrafenis van keninginne Sophie), Nijhoff, De Haach, 1878
Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Nederlânsk filantroop Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Eigner fan Skiermûntseach Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Persoan berne yn 1833 Kategory:Persoan stoarn yn 1902