Mûntsebuorren is in delsetting en fjildnamme súd fan Hieslum yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De delsetting bestiet hjoed-de-dei út in pleats en leit yn 'e Mûntsebuorsterpolder.

Skiednis De namme komt ek foar as Monnikeburen, Monnikepollen Muckhuis of Terpoorte. De lêste wie in bekend oarde , in úthôf fan it kleaster Lidlum, dêr't abt Eelke Liaukama yn de 14e iuw fermoarde waard troch losbannige muontsen. Mooglik hie kleaster Fulda besittings yn Hieslum. Ek yn Holwert en Blije wie in muontsehûs.

Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings

Kategory:Hieslum Kategory:Buorskip yn Wûnseradiel Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân