thumb|Edzard Tjarda van Starkenborgh Stachouwer, 1913 Jhr. Edzard Tjarda van Starkenborgh Stachouwer (Maarssefean, 21 febrewaris 1859 — De Haach, 18 jannewaris 1936) wie in Grinzer jonkhear en notarissoan, dy't dat amt ek sels ferfolde en yn 1900 boargemaster fan Grins waard.

Tjarda van Starkenborgh Stachouwer waard yn 1910 yn de Earste Keamer keazen. Dat lidmaatskip kaam nei sân jier in ein oan doe't er Kommissaris fan de Keninginne yn de provinsje Grinslân waard. Yn 1925 waard er yn dy funksje opfolge troch syn soan Alidius. Edzard wie in neef fan de liberale foaropman Kappeyne van de Coppello.

Novimber 1938 is it nei him ferneamde Van Starkenborghkanaal offisjeel iepene troch keninginne Wilhelmina.

Yn Liens is in strjitte nei Van Starkenborgh neamd: de Tjarda van Starkenborgh Stachouwerstrjitte

Kategory:Nederlânsk notaris Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Boargemaster fan Grins Kategory:Kommissaris fan de Kening(inne) yn Grinslân Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Nederlânske adel Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1859 Kategory:Persoan stoarn yn 1936