Lonjé is in delsetting yn 'e himrik fan Eksmoarre op 'e grins fan it stedsgebiet fan Boalsert, westlik fan de stêd. Foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 foel Lonjé ûnder de gemeente Boalsert, mar nei wat grinskorreksjes kaam er by de doetiidske gemeente Wûnseradiel.

De namme komt ek foar as Lonjee, Lonije, Lunjier, Longhee en Longe. De namme ûntstie nei it wetter dêr't de delsetting oan stie: de Lange Ie, lykas it doarp Longerhou dy't justjes westlik leit.

Noardwestlik fan 'e buorskip leit de Lonjester Polder.Topotijdreis

Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings

Kategory:Eksmoarre Kategory:Buorskip yn Wûnseradiel Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân