Lytse Wier is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Lytse Wier leit eastlik fan Hantumerútbuorren, benoarden Wetsens en súdwestlik fan Nijewier. Lytse Wier leit yn de himrikken fan Wetsen en Nijewier.
De bebouwing fan de buorskip leit oan de Grytmanswei, de Pypsterwei, de Anders Minneswei en It Heech. De kearn bestiet út 5 adressen oan de Grytmanswei, 1 adres oan de Pypsterwei, 1 adres oan de Anders Minneswei en 3 adressen oan It Heech. thumb|Jaarlasleat besuden Lytse Wier Lâns de buorskip rinne trije wetters: de Nijewierster Opfeart, de Jaarlasleat en De Peazens.
Skiednis Namme De namme kaam earder foar as Lyttzie Weer, Lithiaweer en Lutkewier.
Staten Lytsewier hie yndertiid twa sates. Ien wie kleastergoed fan Sion. De oare sate wie eigenierd besit fan in famylje dy't soms as Tammama oantsjut waard.www.stinseninfriesland.nl
Moard De skriuwer Anders Minnes Wybenga (1881-1948) ferhelle fan in moard. In boer út de buorskip hie spul mei in konkurrint op de pleats Germerhûs. It rûn út de hân en de iene boer sloech de oare dea en bedobbe syn lichem yn 'fiven'. It lichem soe inkele jierren letter weromfûn wêze.
Gemeentelike weryndieling Sûnt 2019 leit Lytse Wier yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel.
Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings
Kategory:Nijewier Kategory:Buorskip yn East-Dongeradiel Kategory:Buorskip yn Dongeradiel Kategory:Buorskip yn Noardeast-Fryslân