Dirck Albertsz. Raven (Hoarn, 1589/90 - dêre nei 1639) wie skipper te Hoarn en letter kommandeur by de walfiskfeart. Hy tsjinne by de Noardske Kompanjy.

Op 24 maaie 1639 sloech Dirck Albertsz as kommandeur fan it skip Spitsbergen brek by Spitsbergen. Hy oerlibbe it op haren en snaren: nei sawat 44 oeren yn it iiskâlde wetter waard hy rêden troch kommandeur Gale Hamkes út Harns mei syn skip De Oranjeboom. Dêr wiene noch mar 20 fan de 86 manskippen oerbleaun. Raven ferwurke it aventoer yn in reisferhaal, it Journael ofte Beschrijvinghe van de Reyse ghedaen bij den Commandeur Dirck Albertsz. Raven, na Spitsberghen, inden Jare 1639, ten dienste vande E.Heeren Bewindthebbers vande Groenlandtsche Compagnie tot Hoorn.

It reisferhaal waard yn 1646, sân jier nei de jammerdearlike ekspedysje, foar it earst publisearre yn Hoarn en der ferskynden dêrnei ferskillende werprintingen. Chr. P. Raven, Het Westfriese geslacht Raven, (1600-1900), Alkmaar/Hoorn, 1986, p. 65. It waard boppedat fanôf 1648 opnommen efter it ferneamde Journael ofte Gedenkwaerdighe Beschrijvinghe vande Oost-Indische Reyse van Willem IJsbrantsz Bontekoe van Hoorn. Yn 1971 ferskynde in faksimilee werprintinge fan dizze útjefte fan 1648.Utjouwerij P.N. van Kampen & Zoon, Amsterdam, 1971: Journael ofte Gedenckwaerdige Beschrijvinghe vande Oost-Indische Reuse van Willem IJsbrantsz Bontekoe van Hoorn, waerbij ghevoeght is het Journael van Dirck Albertsz Raven.

By it spoar lâns, tichtby it stasjon, yn Hoarn is in strjitte nei him neamd: de Commandeur Ravenstraat.

Kategory:Nederlânsk seefarder Kategory:Nederlânsk seeman Kategory:Walfiskfarder Kategory:Nederlânsk autobiograaf Kategory:Westfrysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1589 Kategory:Persoan berne yn 1590 Kategory:Persoan stoarn yn de 17e iuw