Hallumerhoeke is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Hallumerhoek leit yn de himrik fan Hallum en leit oan de Mariëngaarderwei beëasten Aldebiltsyl yn de hoeke fan twa diken. De buorskip hat in tal hûsterpen.
Skiednis De eardere premonstratinzer abdij Mariëngaard ('Hortus sanctae Mariae') lei op de Hallumerhoek (boud yn 1163). Op dat plak stiet no in pleats mei deselde namme. Oan de wei stiet in ynformaasjeboerd en healwei de opreed stiet in stiennen monumint, makke fan oerbliuwsels fan it kleaster, dat ek fungearret as stimpelpost foar dielnimmers oan it Jabikspaad.
Gemeentelike weryndieling Sûnt 2019 leit Hallumerhoeke yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei de buorskip yn Ferwerderadiel.
Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings
Kategory:Hallum Kategory:Buorskip yn Ferwerderadiel Kategory:Buorskip yn Noardeast-Fryslân