thumb|right|260px|Daniël Iseger op de PC fan 2011 Daniël Iseger (Huzum, 30 juny 1980) is in earder Fryske keatser dy't hikke en tein is op de Tynkedyk yn Ljouwert. Wie kening op de PC fan 2004, 2011 en 2014.
Hy keatste by de skoaljonges yn 1993 en 1994 meast yn de B-klasse en wûn dêryn meardere prizen. Letter sile er yn de jongeskategory; doe't er nei de MTS gie by it troch-elkoar-lotsjen útnûgingspartijen en frije formaasjewedstriden wûn er ek prizen. Keatste foar ‘Ondeling Genoegen’ út Huzum.
As cv-monteur spile er yn de earste klasse en waard op de PC fan 2000 tredde. Op de PC fan 2004, op 151e PC, wûn er mei Johan Abma en Pieter Scharringa op it ‘Sjûkelân’ as achterynse Iseger de keningsbal. Mei Huzum waard er dat jier twadde op it Nederlânsk Kampioenskip. Yn 2007 waard er mei keatsferiening ‘LKC Sonnenborgh’ út Ljouwert wer twadde. Op 1 juny 2009 wûn er foar keatsferiening ‘Goutum e.o.’ op it NK yn Frjentsjer de earste priis en ek op de PC wûn hy mei Gert-Anne van der Bos (kening) en Folkert van der Wei de earste priis. Boppedat wûn er dat jier it punteklassement. Neidat Daniël yn 2010 it Nederlânsk Kampioenskip wûn, wûn er ek de PC yn in 'modderballet'. Yn 2011 en 2014 wûn er nochris de PC en ek de keningstitel. Syn sechste PC-winst pakte er yn 2015. By syn ôfskied fan de PC yn 2016 waard er yn de earste omloop útskeakele.
Prizen 1996 - Freule 5e priis 1997 - Freule 3e priis 1998 - Jong Nederlân 4e priis 2000 - de Bond 4e priis 2000 - PC 3e priis 2002 - de Bond 3e priis 2002 - PC 3e priis 2003 - de Bond 7e priis 2003 - PC 2e priis 2004 - de Bond 2e priis 2004 - PC 1e priis 2007 - de Bond 2e priis 2007 - PC 2e priis 2009 - de Bond 1e priis 2009 - PC 1e priis 2010 - de Bond 1e priis 2010 - PC 1e priis 2011 - PC 1e priis 2012 - de Bond 4e priis 2012 - PC 2e priis 2013 - de Bond 1e priis 2013 - PC 3e priis 2014 - PC 1e priis 2015 - PC 1e priis 2017 - de Bond 4e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Huzum Kategory:Persoan berne yn 1980