Tjalling Petrus Tresling (Grins, 25 desimber 1844 - Arnhim, 15 maaie 1906) wie in Nederlânse boargemaster.
Famylje Tresling waard berne yn Grins as soan fan med. doktor Paulus Tresling en Tjabina Eidina Hesse. Hy waard ferneamd nei syn omke Tjalling Petrus Tresling, dy't in tal moannen earder stoarn wie. Tresling troude yn 1880 mei Anna Sophia Wichers (1857-1927).
Wurkpaad Tresling wie efter elkoar boargemaster fan Ezinge (1870-1876), 't Zandt (1876-1886) en Smellingerlân (1886-1901).Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek, deel X, 1041 Yn 1901 moast er it amt út reen fan sûnens oerjaan; by it ôfskied krige er fan de befolking "een prachtige pendule in brons met bijbehorende candelabres, een wandelwagen en een rustbed"."Hulde aan de heer Tresling" yn Ljouwerter Krante, 20 maart 1902 Yn Drachten waard de Treslingstrjitte nei him ferneamd.
Tresling ferhuze nei Arnhim, dêr't er yn 1906 yn de âldens fan 61 ferstoar.
Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Smellingerlân Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1844 Kategory:Persoan stoarn yn 1906