De PC fan 2011 waard op woansdei 3 augustus ferkeatst. It wie de 158ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier.

It Lotsjen Op moandeitejûn waard der wêr lotte yn de Koarnbeurs. Neist it partoer fan Gert-Anne van der Bos, ek dit jier wer de grutte favoryt, wiene der mar in pear partoeren dy't ek in pear partijen wûn hie. It partoer fan Jan Dirk de Groot hie dêrfan de measte wûn, spitigernôch waarden sy fuort op de earste list keppele oan van der Bos en dy, sadat in mooglike finalepartij fuort yn de earste omloop ferkeatst wurde moast.

Earste List thumb|right|260px|Hendrik Kootstra yn aksje De mooglike finale partij wêr't eltsenien op siet te wachtsjen wie fansels tusken van der Bos en de Groot. Nei in foarsprong fan 3-1 foar De Groot kamen de favoriten yn harren spul en makken it frij maklik út. Fierder wiene der gjin ferrassings al hie it partoer fan Van der Leest hiel wat moaite mei it partoer fan de jongste dielnimmer Pieter Syberen Scharringa.

nû. partoer útslach nû. partoer1Marten van der LeestHerman SprikFolkert van der Wei5-5 6-42Pieter Sybren ScharringaGerrit MeijerDennis Wijnjeterp3Dirk-Yde SjaardaErik HaitsmaJacob-Klaas Haitsma0-5 2-64Pieter van AlthuisGerrit FlisijnHans Wassenaar5Pieter BakkerSjoerd de JongTsjibbe Hansma 5-0 6-06Site FerwerdaSip-Jaap BosFeiko Broersma7Jan Dirk de GrootRenze Pieter HiemstraPier Piersma3-5 2-68Gert-Anne van der BosTaeke TriemstraDaniël Iseger9Rutmer van der MeerKarel NijmanHendrik Kootstra 5-2 6-010Jan Brandt WiersmaPieter Jan PlatJouke Bosje11Michiel ScheepvaartJacob ZaagemansJan Sjoerd Tolsma5-4 6-612Jelte Pieter DijkstraSiebe GreidanusRudolf Soepboer13Hendrik TolsmaMichel van der VeenPeter de Boer5-4 6-014Arnold ZijlstraRené AnemaThomas van Zuiden15Martijn OlijnsmaHylke BruinsmaMarten Feenstra5-1 6-016Gosse BeeksmaHendrik Jan van der VeldeFrederik van der Meij

Twadde List Op de twadde list wie der wol in ferrassing. It partoer fan Marten van der Leest hie de opslagger ynruile foar Jan Dirk de Groot. Van der Leest koe net fierder keatse fanwege in blessuere. Letter dy bliken dat syn maten him eins oan de kant set hiene om't se fûnen dat der net fit genôch wie. Sy wûnen harren partij in de twadde omloop al fan Van Althuis. It partoer fan Van der Bos hie hiel wat te stellen mei it partoer fan Pieter Bakker. De ûnderdog hie de sympathy fan it publyk en troch dat de favoriten net by de les wiene rûnen hja achter de feiten oan. Nei in efterstân fan in spul (4-2) waard it dochs van der Bos dy troch geane. Rutmer van der Meer spile tsjin it partoer fan Michiel Scheepvaart. Dizze partij gie aardich lykop. Healwei de partij rûn Jacob Zaagemans tsjin Karel Nijman op doe't hy in bal yn it tuskenspul besocht te kearen. Karel Nijman rekke dêrtroch sa blessearre oan de ribben dat hy nei twa blessuerebehânnelings foar de tredde kear fan it fjild ôf moast. Hy waard ferfongen troch Pier Piersma, mar it partoer fan Rutmer van der Meer ferlern dochs frij flot. Dit betsjutte de lêste aksjes fan Rutmer op de PC om't hy nei dat jier stopje soe mei it topkeatsen.

nû. partoer útslach nû. partoer1Marten van der LeestHerman SprikFolkert van der Wei 5-2 6-04Pieter van AlthuisGerrit FlisijnHans Wassenaar5Pieter BakkerSjoerd de JongTsjibbe Hansma4-5 4-68Gert-Anne van der BosTaeke TriemstraDaniël Iseger9Rutmer van der MeerKarel NijmanHendrik Kootstra 4-5 6-611Michiel ScheepvaartJacob ZaagemansJan Sjoerd Tolsma13Hendrik TolsmaMichel van der VeenPeter de Boer 2-5 2-615Martijn OlijnsmaHylke BruinsmaMarten Feenstra

Heale Finale Yn de heale finale hie it partoer fan Van der Bos hielendal gjin moaite mei it partoer fan De Groot, dit kear dus mei Sprik en van der Wei. De oare partij wie hiel wat spannender. It partoer van Michiel Scheepvaart makke it it partoer fan Olijnsma hiel dreech. Benammen Jacob Zaagemans stie yn it perk hiel best út te slaan. Mar op it lêst wiene it dochs it trio Olijnsma dy't de partij wûnen.

nû. partoer útslach nû. partoer1Marten van der LeestHerman SprikFolkert van der Wei 0-5 2-68Gert-Anne van der BosTaeke TriemstraDaniël Iseger11Michiel ScheepvaartJacob ZaagemansJan Sjoerd Tolsma 4-5 4-615Martijn OlijnsmaHylke BruinsmaMarten Feenstra

Finale It publyk ferwachte in net al te bot spannende finale, en dat kaam ek út. It partoer van der Bos sette goed útein mei in pear bêste boppeslaggen fan Taeke Triemstra en in pear prippers fan Van der Bos. Olijnsma en syn maten setten hjir hast neat tsjinoer, benammen oan de opslach wie it neat wurdich. Olijnsma makke in protte flaters en foaral Marten Feenstra stie hiel min te keatsen. Hylke Bruinsma naam de foarminst opslach sels fan Feenstra oer en ruile ek mei Feenstra yn it perk. It wie ek oan in pear goeie aksjes op en út fan Bruinsma te tankjen dat sy noch ien earst pakten. De favoriten makken eins gjin flaters en makken de partij dan ek yn koarte tiid út.

nû. partoer útslach nû. partoer8Gert-Anne van der BosTaeke TriemstraDaniël Iseger 5-16-415Martijn OlijnsmaHylke BruinsmaMarten Feenstra

Kening PC 2011 Gert-Anne van der Bos hie kâns om foar de tredde kear achterinoar kening te wurden, mar dit kear wie it Daniël Iseger dy't lykas yn 2004 kening waard.

2011 Kategory:Barren yn 2011