Sheila Scott (OBE) (Worcester, 27 april 1922 – Londen, 20 oktober 1988) wie in Britsk piloate.
Hja waard berne as Sheila Christine Hopkins waard berne yn Worcester, Worcestershire, Ingelân, yn 1922 General Register Office index of births registered in April, May, June 1922 - Name: Hopkins, Sheila C. Mem har famkesnamme: Kenward Distrikt: Worcester Diel: 6C side: 239.. Sy bruts goed 100 langeôfstânfleanrekords, ûnder oaren makke sy in flecht fan 34000 km ("world and a half") yn 1971. Op dy flecht waard sy de earste persoan dy't yn in lytse fleanmasine oer de Noardpoal fleach. Sy waard beneamd ta offisier yn de Oarder fan it Britske Ryk (OBE) yn 1968.
Yn 1943 sette hja útein mei aktearjen ûnder de namme Sheila Scott, in namme dy't hja har heule libben oanhâlde soe. Scott wie in skoftke troud (1945-1950) mei Rupert Bellamy. Yn 1958 learde sy it fleanen; nei njoggen moannen fleach sy solo.
Myth Too De fleanmasine dêr't sy 90 rekords mei makke wie in ienmotorige Piper Comanche (registraasje: G-ATOY) mei de namme Myth Too. Yn 1966 kocht sy it tastel. It is no te sjen yn it National Museum of Flight yn Skotlân.
Keppeling om utens "Shelia Scott", Encyclopædia Britannica.
Kategory:Ingelsk piloat Kategory:Ingelsk toanielakteur Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Persoan berne yn 1922 Kategory:Persoan stoarn yn 1988