The Howdy Boys is in Fryske Americanaband oprjochte yn 2011.
Skiednis Yn 2011 waard harren nûmer "Simmer" troch Omrop Fryslân keazen as "Simmerhit fan 2011". It nûmer waard keazen út hast 100 útstjoerings en 6 finalisten. It trio sjongt trijestimmich mei begelieding troch kontrabas, mandoline en gitaar. The Howdy Boys bestiet út Sake Hijlkema (akoestysk gitaar), Theo Smit (kontrabas) en Jan Peter Woudstra (mandoline). Foarman Sake Hijlkema is ûnderwizer op de Prof. Wassenberghskoalle yn Lekkum (2011).
Keppeling om utens The Howdy Boys Arianne en Tiny Swart op YouTube Sakespeelt.nl
Kategory:Fryske americanaband Kategory:Band oprjochte yn 2011