De Turks- en Kaikoseilannen foarmje in oerseesk gebietsdiel fan Grut-Brittanje, besteande út twa lytse eilannekloften yn ’e tropen, yn it Karibysk gebiet, besúdeasten de Bahama's, op 21°45' noarderbreedte en 71°35' westerlingte. Geografysk sjoen binne de Turks- en Kaikoseilannen in part fan ’e Bahama's, mar troch in ôfsûnderlike koloniale skiednis hawwe se har dêr los fan ûntjûn ta in apart gebiet mei in dúdlik eigen identiteit.

Skiednis De earste bewenners De earste bewenners fan ’e Turks- en Kaikoseilannen wienen de Lukayanen, nei alle gedachten in Arawakske Yndianestam, dy’t ek de Bahama’s bewenne. It liket wierskynlik dat de Lucayanen harren om 800 nei Kristus hinne op ’e eilannen nei wenjen setten, nei’t se de troch kannibalistyske Kariben fan ’e súdliker eilannen fan it Karibysk Gebiet ferdreaun wienen. Guon archeologen hingje lykwols de teory oan, dat de Lucayanen fan it Noardamerikaanske kontinint ôf de eilannen kolonisearren en net fan Arawakske komôf wienen.

Hoe’t dat ek wêze mei, fan ’e ynheemske kultuer fan ’e eilannen is neat oars oerbleaun as in baan foar it spyljen fan in balspul op Midden Kaikos, dy’t troch archeologen bleatlein is, en wat gebrûksfoarwerpen dy’t út en troch ris fûn wurde. De reden foar dy folsleine teloargong is dat de Lucayanen de earste Yndianen wienen dy’t yn kontakt kamen mei de Jeropeänen, mei’t Kristoffel Kolumbus yn 1492 lâne op it eilân San Salvador yn ’e Bahama’s.

Guon hâlde út dat it eilân dêr’t Kolumbus lâne en dat er San Salvador neamde, eins net it tsjintwurdige San Salvador yn ’e Bahama’s wie, mar Grand Turk, yn ’e Turkseilannen. Is dat net sa, dan wie de earste Jeropeaan dy’t de Turks- en Kaikoseilannen besocht yn 1512 de Spanjert Juan Ponce de León.

De Spaanske kolonisten, dy’t fan 1495 ôf yn it kylwetter fan Kolumbus nei it West-Ynje kamen, wienen allinne ynteressearre yn goud en sulver. Dêrfan hienen de Lucayanen net mear as wat se mei ruilhannel fan oare folken krije kinnen hienen, dat oarspronklik wienen de Spanjerts net yn harren ynteressearre. Al gau kamen de Spanjerts lykwols werom nei de Bahama’s en de Turks- en Kaikoseilannen om de Lucayanen as slaven op Hispaniola te brûken. Wa fan de Yndianen net nei de minen deportearre waarden, kamen wol om troch selsmoard of troch de sykten dy’t de Jeropeänen meibrochten, en binnen 25 jier wie der fan in befolking fan likernôch 50.000 minsken nimmen mear oer. Sa kaam it dat de Turks- en Kaikoseilannen in jier nei harren ûntdekking yn 1512, al folslein ûntfolke wienen.

De koloniale tiid Lange tiid wienen de ûnbewenne Turks- en Kaikoseilannen dêrnei in spylbal fan ’e koloniale grutmachten Spanje, Grut-Brittanje en Frankryk. Uteinlik kamen se yn Britske hannen, mar om’t se ûngeunstich leinen foar de wichtichste sylrûtes oer, gjin goudfoarrieden hienen, te min rein krigen foar sûkerplantaazjes en ek gjin goede ankerplakken beaen, waard der eins net nei har omsjoen. Pas yn 1678 sette in lytse kloft kolonisten fan Bermuda him op ’e eilannen nei wenjen om ’e sâlt- en houtfoarrieden te eksploitearjen. It sâlt dat se op ’e Turks- en Kaikoseilannen wûnen, ferhannelen mei kolonisten út New England, Newfoundland en wat tsjintwurdich de kustprovinsjes fan Kanada binne, dêr’t it brûkt waard foar de kabbeljaufiskerij. De Spanjerts ferdreaunen de kolonisten yn 1710, mar fêstigen gjin delsettings op ’e eilannen, sadat de Bermudianen gewoan weromkomme koenen nei’t de Spanjerts fuortsyld wienen.

Krekt as de Bahama’s ûntjoegen de Turks- en Kaikoseilannen har ek ta in berucht taflechtsoard foar seerôvers, dy’t der sels net foar tebekskrillen om ’e huzen fan ’e sâltkeaplju te plonderjen. Yn 1753 hienen de Frânsen sa har nocht fan dy seerôvers dat se de eilannen bemasteren, mar it oare jier stjoerden de Britten in oarlochsskip om de eilannen werom te krijen. Lykwols kamen de eilannen yn 1778 en nochris yn 1783 op ’e nij yn Frânske hannen.

Om 1780 hinne, doe’t de Amerikaanske Unôfhinklikensoarloch op syn hichtepunt wie, krigen de Bermudianen en de seerôvers selskip fan in grut tal Amerikaanske loyalisten (lju dy’t oan ’e Britske kant stien of fochten hienen). Se brochten harren slaven mei en setten op ’e Turks- en Kaikoseilannen katoenplantaazjes op. Hoewol’t dy earst in grut súkses wienen, krigen se letter mei orkanen en fretterige ynsekten te meitsjen en doe’t 1820 de rispinge mislearre, joegen de measte plantaazjehâlders it op. Fierwei de measten fan harren ferlieten dêrnei de eilannen wer, harren slaven dêrby almeast efterlittend, en de rest en de slaven sochten doe wurk yn ’e sâltwinning.

Yn 1799 waarden de Turks- en Kaikoseilannen bestjoerlik by de Bahama’s foege, mar yn 1848, nei’t de ynwenners dêr yn in petysje oan ’e Kroan sels om frege hienen, waarden de eilannen in aparte koloanje ûnder it tafersjoch fan ’e Britske gûverneur fan Jamaika. Yn 1872 lykwols, waard it selsbestjoer ynlutsen en waarden de eilannen in ûnderdiel fan ’e koloanje Jamaika, mar dan al mei in eigen hege kommissaris en in wetjaande kommisje. Dy sitewaasje bleau hanthavene oant fier yn ’e tweintichste iuw.

De tweintichste iuw Yn ’e Twadde Wrâldoarloch leinen de Amerikanen op ’e Turks- en Kaikoseilannen fleanfjilden oan en it jild dat it Amerikaanske leger útjoech, soarge foar in koarte perioade fan wolfeart yn ’e fjirtiger jierren.

Yn 1962 kamen de eilannen yn it nijs, doe’t de Amerikaanske astronaut John Glenn tichteby it eilân Grand Turk delkaam op syn weromreis út ’e romte.

Ek yn ’e sechstiger jierren kamen de earste toeristen op ’e eilannen. Yn it begjin gong it dêrby benammentlik om miljonêrs, dy’t fral op it eilân Providencialis fakânsjehuzen en letter ek hotels oanleinen. Healwei de santiger jierren wie Providencialis praktysk it domein wurden fan ’e Amerikaanske jet-set. Earst nei’t Club Med yn 1984 in fakânsje-oard op it eilân iepene, begûnen gewoane toeristen yn gruttere oantallen te kommen.

Underwilens wienen de Turks- en Kaikoseilannen yn 1962, doe’t Jamaika ûnôfhinklik wurden wie, bestjoerlik wer in ûnderdiel fan ’e Bahama’s wurden. Doe’t dy yn 1973 ek ûnôfhinklik waarden, waarden de Turks- en Kaikoseilannen in ôfsûnderlike Britske kroankoloanje.

Unôfhinklikensbeweging Ek op ’e Turks- en Kaikoseilannen ûntstie yn ’e santiger jierren in ûnôfhinklikensbeweging, dy’t him utere yn ’e oprjochting fan in politike partij rjochte op ûnôfhinklikens, de Demokratyske Folksbeweging (PDM; People’s Democratic Movement). Yn 1980 spruts dy mei it Britske regear ôf dat de eilannen yn 1982 ûnôfhinklik wurde soenen as de PDM de ferkiezings fan dat jier wûn. Lykwols, de PDM waard ferslein troch de Progressive Nasjonale Partij (PNP; Progressive National Party), dy’t foar in fuortsetting fan ’e status-quo wie. Dêrmei wie ûnôfhinklikens foarearst fan ’e baan.

De lieder fan ’e PNP, Norman Saunders, waard minister-presidint en koe yn 1984 syn regear fuortsette, nei’t de PNP dat jiers op ’e nij de ferkiezings wûn. Yn 1985, lykwols, waarden Saunders en twa oare PNP’ers yn ’e Feriene Steaten feroardiele foar drugsdelikten. De ferkiezings dy’t dêrnei holden wurde moasten, waarden wer wûn troch de PNP, mar op 26 july 1986 ûntbûn de Britske gûverneur it nije regear, mei’t er fan betinken wie dat de nije minister-presidint, Nathaniel Francis, en fjouwer oare PNP-kopstikken ûngeskikt wienen foar harren funksjes nei’t se beskuldige wienen fan brânstifting en fraude. Yn it plak fan it regear waard in advysrie beneamd, dy’t û.m. it opstellen fan in nije grûnwet foar de Turks- en Kaikoseilannen begelate. Nei de ynfiering fan dy grûnwet, yn 1988, waarden der wer ferkiezings holden, dy’t diskear mei oerweldigjende mearderheid wûn waarden troch de PDM.

Yn 1993 waard Martin Bourke beneamd as gûverneur. Hy krige in budzjet fan 35 miljoen dollar om ’e korrupsje op ’e eilannen te bestriden. Yn jannewaris 1996 suggerearre er dat de korrupsje fan it regear en binnen de plysje fan ’e Turks- en Kaikoseilannen sa djip gong, dat de eilannen in paradys foar drugssmokkelders wurden wienen. Doe’t dy útspraak yn ’e Offshore Financial Annual ferskynde, wie de lilkens ûnder de regearings- en parlemintsleden, mar ek ûnder de befolking grut. De driging fan ûngeregeldheden wie sa grut, dat yn april 1996 in Britsk oarlochsskip nei de eilannen tastjoerd waard. De saak rûn mei in skamper ôf, mar de rop om ûnôfhinklikens waard der nij libben troch ynblaasd.

Oansluting by Kanada? As alternatyf foar ûnôfhinklikens wurdt al sûnt de santiger jierren de mooglikheid neamd fan in oansluting fan ’e Turks- en Kaikoseilannen by Kanada. Foarstanners fan sa’n oansluting wize op ’e histoaryske bannen tusken de beide lannen (de sâlthannel), de mienskiplike (Britske) skiednis en de ekonomyske betsjutting fan it grutte tal Kanadeeske toeristen op ’e eilannen.

De earste kear dat der troch politisy serieus neitocht waard oer dizze mooglikheid, wie yn 1973, doe’t it Kanadeeske parlemintslid Max Saltsman, fan ’e Nije Demokratyske Partij (New Democratic Party), sûnder súkses besocht om sa’n oansluting foarinoar te krijen. Yn 1986 waard it idee nij libben ynblaasd troch it Kanadeeske parlemintslid Dan McKenzie, fan ’e Progressive Konservativen (Progressive Conservatives), mar in jier letter waard it, nei soarchfâldich oerweagjen, ôfwiisd troch de kommisje foar bûtenlânske saken fan syn partij. Yn 2004, lykwols, besocht it Kanadeeske parlemintslid Peter Goldring, fan ’e Konservativen (Conservatives), de Turks- en Kaikoseilannen om de saak op ’e nij te besjen.

De stroffelstien foar de oansluting fan ’e Turks- en Kaikoseilannen by Kanada is it feit dat de Kanadeeske grûnwet oanpast wurde moatte soe om it tafoegjen fan in nije provinsje ta te litten. De lêste provinsje dy’t oan ’e Kanadeeske Federaasje tafoege waard, wie Newfoundland en Labrador, yn 1949, en dêrfoar moast in wet troch it Britske parlemint loadse wurde. Boppedat folddogge de Turks- en Kaikoseilannen, mei minder as tweintichtûzen ynwenners, net oan it yn ’e Kanadeeske grûnwet fêstleine fereaske minimale tal ynwenners dat in provinsje hawwe moat.

Wat wol mooglik wêze soe, is de opnimming fan ’e Turks- en Kaikoseilannen as in territoarium, al hie it dan al minder rjochten as in provinsje. Tsjintwurdich hat Kanada trije territoaria. Twa dêrfan, beide mei likernôch 30.000 ynwenners, wolle trouwens úteinlik de status fan provinsje berikke, eat dat de doar iepensette kinne soe foar in provinsjale status fan ’e Turks- en Kaikoseilannen.

Noch wer in oare mooglikheid waard yn 2004 skepen, doe’t de befolking fan ’e Kanadeeske kustprovinsje Nova Scotia him der by in referindum foar útspruts om ’e Turks- en Kaikoseilannen út te nûgjen in ûnderdiel te wurden fan harren provinsje as se beslute soenen by Kanada hearre te wollen. Yn alle gefallen soenen troch dy regeling de swierrichheden foar it talitten fan ’e eilannen as in ôfsûnderlike provinsje omsyld wurde.

Geografy Namme It is dreech om ’e oarsprong fan ’e namme fan ’e eilannen te efterheljen, mar yn ’e faak wurdt de útlis jûn dat "Turks" weromgiet op ’e blom fan in ynheemske kaktussoart, dy’t tinken docht oan in Turkske fez, wylst "Kaikos" - of "Caicos" yn it Ingelsk - ôflaat is fan it Spaanske "cayos", dat "lytse eilantsjes" betsjut. Hjir kin lykwols in fraachteken by set wurde as men wit dat de fez foar 1826 ûnder de Turken net in protte foarkaam as kopdeksel.

Eilannen right|Lânkaart fan 'e Turks- en Kaikoseilannen De twa eilannekloften besteane tegearre út acht gruttere eilannen en 41 lytse eilantsjes (cays), dêr’t mar njoggen fan bewenne binne. Se wurde skaat fan ’e Bahama's troch de 48 km brede Kaikostrochgong.

De westlikste en fierwei de grutste fan ’e beide eilannekloften wurdt foarme troch de Kaikoseilannen, dy’t yn in bôge lizze mei de rêch nei it noarden. Fan west nei east binne dêr de gruttere eilannen: West Kaikos, Providenciales, Noard Kaikos, Midden Kaikos, East Kaikos en Súd Kaikos.