Skotlân (Ingelsk: Scotland, útspr.: ['skɒtlənd]; Skotsk: Scotland, útspr.: ['skɔtɫənd]; Skotsk-Gaelysk: Alba, útspr.: ['al̪ˠapə]) is in dielútmeitsjend lân (constituent country) fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân. It hat sûnt 1999 in beheinde foarm fan selsbestjoer, mei in eigen parlemint en in eigen regear. It gebiet bestiet út 'e noardlike ein fan it eilân Grut-Brittanje, ynkl. in grut tal lytsere eilantsjes foar de westkust (de Hebriden) en yn 'e Noardsee (de Orkney- en de Sjetlâneilannen). Neffens in skatting út 2013 hie Skotlân doe 5.328.000 ynwenners.
Fan 'e Iere Midsiuwen ôf wie Skotlân in ûnôfhinklik keninkryk, it Keninkryk Skotlân, dat gauris yn oarloch wie mei Ingelân, dêr't it yn it suden oan grinzget. Nei't kening Jakobus VI fan Skotlân yn 1603 as Jakobus I op 'e Ingelske troan kaam, waarden de beide lannen lykwols yn in personele uny mei-inoar ferbûn. Dy bân waard yn 1707 omset yn in politike uny, wêrby't Skotlân syn selsstannigens en selsbestjoer ferlear en ûnderdiel waard fan Grut-Brittanje, dat út 'e Ingelske haadstêd Londen wei regearre waard.
Nei ferskate mislearre opstannen yn 'e santjinde en achttjinde iuw wiene de Skotten twongen om har ûnder it Britske bewâld del te jaan, mar sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw is der yn it lân in sterke ûnôfhinklikheidsbeweging ûntstien, dy't oanfierd wurdt troch de nasjonalistyske partij SNP. Yn 2014 waard foar it earst in referindum oer ûnôfhinklikheid holden, wêrby't 45% fan 'e Skotten foar stimde.
Etymology De namme "Skotlân" is ôfkomstich fan it wurd Scoti, de Latynske namme foar de Gaelen (de Kelten yn it noardwesten fan 'e Britske Eilannen, dêr't behalven de Skotten ek de Ieren en de Manksen ta hearre). Hoewol't de Latynske term Scotia oarspronklik in oantsjutting foar Ierlân wie, kaam de namme troch de Gaelyske ferovering fan westlik Skotlân, yn 'e sechsde iuw, op dat gebiet te slaan. Neitiid ferwiisden de kenings fan it feriene Skotlân nei harsels as Basileus Scottorum of Rex Scottorum ("kening fan de Gaelen"; basileus is Gryksk foar "soeverein", en rex is Latyn foar "kening"), of ek wol Rex Scotiae ("kening fan Gaelelân"). Dy lêste foarm wie nei gedachten in oanpassing dy't feroarsake waard trochdat de Ierske hege kening Brian Borúma himsels yn 1005 de titel Imperator Scottorum ("keizer fan 'e Gaelen") oanmeat. Oant yn 'e alfde iuw bleau "Skotlân" in term dy't inkeld brûkt waard foar it Gaelysktalige diel fan it lân, benoarden de rivier de Forth. (Dêrnjonken waard ek "Albaanje", in ôflieding fan it Skotsk-Gaelyske Alba, wol brûkt foar dat gebiet.) Pas fan 'e Lette Midsiuwen ôf rekke de term "Skotlân" yn gebrûk foar hiel it lân.
Geografy It fêstelân fan Skotlân beslacht it noardlike trêdepart fan it eilân Grut-Brittanje, dat foar de kust fan Noardwest-Jeropa yn 'e Atlantyske Oseaan leit en ta de Britske Eilannen heart. Skotlân hat in totaal oerflak fan 78.387 km², wêrfan't 1,9% út wetter bestiet. Dêrmei is it kwa grutte ferlykber mei Tsjechje. De iennichste lângrins fan Skotlân is dy mei Ingelân, dy't yn it suden oer in ôfstân fan 96 km fan it súdwesten nei it noardeasten rint, fan 'e Solway Firth yn it westen oant de mûning fan 'e rivier de Tweed yn it easten.
Skotlân wurdt oan trije kanten troch see omjûn: yn it easten en noardeasten troch de Noardsee, yn it noarden en westen troch de iepen Atlantyske Oseaan, en yn it súdwesten troch de Ierske See en it Noarderkanaal, dy't de eilannen Grut-Brittanje en Ierlân faninoar skiede. Yn dyselde krite rikt de útein fan it skiereilân Kintyre oant op 30 km ôfstân fan 'e kust fan Noard-Ierlân. It tichstbye diel fan it fêstelân fan Jeropa is de kust fan súdwestlik Noarwegen, op 305 km ôfstân nei it noardwesten, wylst de autonome Deenske Fêreu-eilannen op 270 km nei it noarden lizze.
It Skotske fêstelân kin rûchwei opdield wurde yn trije kriten, wêrfan't de bercheftige Skotske Heechlannen geografysk sjoen fierwei de grutste binne, mei't se de hiele noardwestlike helte fan it lân beslane. De Heechlannen kinne sels ek wer opspjalten wurde yn twa parten, ntl. de Noardwestlike Heechlannen yn it uterste noardwesten, en de Grampians yn it midnoarden. Dy beide kriten wurde faninoar skaat troch de Great Glen, in sintrale delling dy't fan it súdwesten nei it noardeasten dwers troch it berchlân rint, en dêr't û.m. it ferneamde Loch Ness, de djipste mar fan 'e Britske Eilannen, yn leit. De Heechlannen omfiemje ek de heechste berch fan 'e Britske Eilannen, de Ben Nevis, mei in hichte fan 1.344 m, en Skotlâns langste rivier, de Tay, mei in lingte fan 180 km. Fierders lizze se besiedde mei marren, wêrûnder it ferneamde en skildereftige Loch Lomond.
Súdlik fan 'e Heechlannen leit it Skotske leechlân, in relatyf smelle bân fan flak gebiet dat fan kust nei kust rint. Dat gebiet is fierwei it tichtst befolke, mei as foarnaamste wenkearnen de Skotske haadstêd Edinburch, oan 'e eastkust, en de yndustrystêd Glasgow, oan 'e westkust. Hjirby moat trouwens oantekene wurde dat "leechlân" en "flak" yn Skotlân mar relative begripen binne. Yn eardere geologyske tiidrekken hat it leechlân nammentlik ek bergen kend; sa is Arthur's Seat, binnen de beboude kom fan Edinburch, in útdôve fulkaan. Besuden it leechlân wurdt it gebiet tsjin 'e Ingelske grins oan dominearre troch it Súdskotsk Berchlân, in rige heuvels fan hast 200 km lang, dy't fan Stranraer oan 'e Ierske See oant East-Lothian oan 'e Noardsee rikt. Dit gebiet wurdt trochsnien troch brede dellingen en telt withoefolle heuvelpjutsen, wêrfan't de heechste de Merrick, yn 'e krite Gallowegen is, mei in hichte fan 843 m.
Skotlân telt fierders mear as 790 eilannen, dy't rûchwei yn trije arsjipels yndield wurde kinne. De Hebriden, dy't foar de noardwestkust lizze, foarmje de grutste fan dy trije groepen, en wurde ek wol fierder opspjalten yn 'e Binnenste en de Bûtenste Hebriden. De grutste Binnenste Hebriden binne Skye, Mull, Islay en Jura; it eilân Arran, dat oare kant it skiereilân Kintyre leit, wurdt yn 'e regel net ta de Binnenste Hebriden rekkene. De grutste Bûtenste Hebriden binne Lewis, Harris, Noard-Uist en Súd-Uist. It petiterige en no ûnbewenne Sint-Kilda leit westlik fan 'e Bûtenste Hebriden in hiel ein de Atlantyske Oseaan yn. Noardlik fan Skotlân lizze de oare beide grutte eilannegroepen, de Orkney-eilannen (foar de Noardskotske kust) en de Sjetlâneilannen (fierder de Noardsee op). Dêrnjonken lizze der ek eilannen yn 'e riviermûnings fan 'e Firth fan Clyde en de Firth fan Forth.
Floara en fauna Skotlân is ferneamd om syn natoerskientme, hoewol't ferskate gruttere sûchdieren der yn 'e histoaryske perioade troch de minske mei oerbejaging útrûge binne, lykas de lynks, de brune bear, de wolf, de eland, it everswyn, de bever en de walrus. Tsjintwurdich binne der yn 'e Heechlannen noch altyd grutte populaasjes reaharten, reeën, wylde katten, beamotters, fiskotters, harmelingen, murden en sniehazzen. Oan 'e Skotske kusten libje grutte koloanjes gewoane en grize seehûnen. Foar it reade iikhoarntsje, dat yn oare dielen fan Grut-Brittanje yn 'e knipe kommen is troch de opmars fan it út Amearika ôfkomstige grize iikhoarntsje, binne de nullewâlden fan 'e Skotlân in wier taflecht wurden. Der binne sûnt 2000 eksperiminten geande mei it op 'e nij útsetten fan bevers en everswinen.
Wat fûgels oangiet is de keningsearn min ofte mear in nasjonaal symboal fan Skotlân wurden. De sniehin, dy't winterdeis in wyt fearreklaad kriget, komt rûnom foar yn 'e Heechlannen. Op rotsen foar de kust nestelje ûnbidige koloanjes ginten, seepappegaaien en oare seefûgels. Ferskate rôffûgelsoarten dy't ferdwûn wiene, binne sûnt 1975 wer op 'e nij yntrodusearre, wêrûnder de see-earn en de reade glee.
De floara fan Skotlân bestiet út sawol mingd wâld as nullewâld, mei dêropta heide- en toendrasoarten. Hoewol't it lân mar in relatyf leech oantal faskulêre planten (Tracheophyta) telt, komme der nammenste mear moassen (Bryophyta) foar. It op grutte skaal oanplantsjen fan produksjebosken, en it behearbelied oangeande weidlân foar skiep en kommersjele fjildsportaktiviteiten (golfbanen) hat in negative ynfloed hân op 'e fersprieding fan lânseigen planteguod. In spjirrebeam oan 'e igge fan Loch Fyne, dy't dêr yn 'e 1870-er jierren plante is, hat de namme de heechste beam fan it Feriene Keninkryk te wêzen, wylst de Taksisbeam fan Fortingall nei gedachten omtrint 5.000 jier âld is en dêrmei mooglik it âldste libbene organisme yn Jeropa.
Skiednis Prehistoarje It is ûnbekend hoenear't de earste minsken har yn 'e Prehistoarje yn Skotlân nei wenjen setten, mei't de opmars en weromtocht fan 'e gletsjers ûnder ferskate iistiden alle spoaren fan minsklike bewenning fan foàr it Mesolitikum útwiske hat. Yn alle gefallen kamen de earste minsklike jager-sammelders fan nei de lêste iistiid omtrint 12.800 jier lyn yn Skotlân oan. Permaninte wenten waarden ynsafier bekend foar it earst likernôch 9.500 jier lyn boud, en de earste doarpen waarden omtrint 6.000 jier lyn oanlein. Ut dy snuorje datearret it goed bewarre bleaune doarp Skara Brae, op it haadeilân fan 'e Orkney-eilannen. Wenten, grêven en fynplakken fan rituële betsjutting út it Neolitikum binne fral goed bewarre bleaun op 'e Orkey- en Sjetlâneilannen en op 'e Bûtenste Hebriden, dêr't de lju troch in tekoart oan beammen twongen wiene om mei stien te bouwen.
Yn 2009 waard te Forteviot, deunby Perth, in 4.000 jier âlde grêftombe mei rike grêfgeskinken fan in fierders ûnbekende hearsker út 'e iere Brûnstiid opdobbe. Saakkundigen wolle wol hawwe dat Skotlân doedestiden diel útmakke fan in hannelskultuer dy't de Atlantyske Brûnstiid neamd wurdt en dêr't ek oare Keltyske riken yn Ingelân, Frankryk en op it Ibearysk Skiereilân ta heard hawwe soene. Ut dy tiid datearje in grut tal monolityske monuminten (wêrûnder stiensirkels) en grêftombes.
De Romeinske Tiid Histoaryske boarnen oer (sij it net út) Skotlân begjinne mei de ferovering troch de Romeinen fan it súdlike twatrêde part fan it eilân Grut-Brittanje, yn it jier 43. Yn dy tiid waard Skotlân fan Kaledoanje neamd, en de bewenners fan dat lân hiene neat op mei útlânske oerhearsking. Neffens de Romeinske skiedskriuwer Tasitus namen de Kaledoaniërs as ien man de wapens op tsjin 'e Romeinen. Se foelen Romeinske fortifikaasjes oan en fierden in soarte fan guerilja-oarloch tsjin 'e Romeinske legioenen, wêrby't se soms spektakulêre súksessen behellen. Sa wisten se by in nachtlike oanfal hast it hiele Romeinske 9e Legioen út te rûgjen foar't dat ûntset wurde koe troch in ôfdieling hynstefolk.
Yn 83 of 84 waarden de Kaledoaniërs lykwols yn 'e Slach by Mons Graupius ferslein troch de Romeinske fjildhear Gnaius Julius Agrikola. Neffens Tasitus soe harren lieder in Kalgakus west hawwe, dy't de Romeinen derfan beskuldige de wrâld ta in woastenije te meitsjen en dat "it bringen fan frede" te neamen. Nei Agrikola syn oerwinning teagen de Romeinen einlings op nei it noarden, dêr't se deunby de grins tusken it leechlân en de Heechlannen in ferdigeningsliny begûnen oan te lizzen. De ferovering rûn lykwols op 'e non, en trije jier letter hiene de Romeinen har alwer weromlûke moatten oant yn it Súdskotsk Berchlân. Dêr leine se de ferneamde Muorre fan Hadrianus oan, dy't fan 'e Ierske See oant de Noardsee rûn, en de noardgrins waard fan 'e Romeinske provinsje Brittanje.
Yn twa koarte perioaden (de lêste fan 208 oant 210) wisten de Romeinen de grins in eintsje op te skowen nei it noarden, dêr't se yn it sintrale leechlân de minder bekende Muorre fan Antoninus bouden. Mei't de Romeinske besetting fan in oansjenlik part fan súdlik Skotlân mar in fjirtich jier duorre, kin steld wurde dat Skotlân bûten it Romeinske Ryk bleau, al soarge de neite fan 'e provinsje Brittanje derfoar dat it tusken de earste en de fyfde iuw wol deeglik in sterke romanisaasje ûndergie.
De Midsiuwen De fiif folken fan Skotlân