Anne Posthuma (Dokkum, 1807 - dêre, 22 oktober 1866) wie apteker en boargemaster fan Dokkum oant syn dea.
Soan fan notaris Gerhardus Wiebes Posthuma en Maria Uurhaan. Hy wie earst troud op 28 desimber 1832 yn Dokkum mei Werdina Klaver, dy't op 15 novimber 1840 ferstoar. Hjirnei boaske hy har sân jier jongerre suske Saapke Klaver, dy't ferstoar op 17 maart 1850. Op it lêst boaske hy op 26 juny 1851 te Dokkum mei Johanna Alberta Hendrica Hugenholtz. Wenne op de Koornmarkt A 131 (it destiidske hoekpân Koornmarkt/Oranjewal). Hy wie wethâlder fan Dokkum fan 1851 - 1858.
Kategory:Frysk apteker Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Dokkum Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan stoarn yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1807 Kategory:Persoan stoarn yn 1866