Odense (IPA: ˈoð̞ˀn̩sə]) is in gemeente en stêd yn de Deenske regio Súd-Denemark (Syddanmark).
Odense is de op twa nei grutste stêd fan Denemarken en leit sintraal yn Denemark op it eilân Fún.
Hans Christian Andersen is yn Odense berne. De stêd hat in protte museums; der is in bistetún, de Odense Zoo. De domtsjerke fan Sint-Knud is in gebou út de 13e iuw.
Skiednis thumb|260px|Paleis fan Odense, sette litten troch Fredrik IV Odense is ien fan de âldste stêden fan Denemarken; yn 1988 waard har 1000-jierrich bestean fierd. De namme Odense komt fan it âld-noarske Óðinsvé, wat Odinstimpel betsjut. Yn de midsiuwen wie de dom fan Sint-Knud in plak mei in soad oanrin fan pylgers.
Yn de 16e iuw wie de stêd it plak fan gearkomst fan ferskate parleminten en oant 1805 wie it ek de sit fan provinsjale steaten fan Fún.
Ien fan de meast bekende gebouwen yn Odense wie de Odinstårn ('Odinstoer'). De toer waard boud yn 1935 en wie it op ien nei (de Eiffeltoer wie heger) heechste gebou fan Europa. In de Twadde Wrâldkriich is de Odinstårn lykwol opblaasd en net wer op 'en nij boud.
Odense bleau by de regionale weryndieling fan 2007 in selsstannige gemeente.
Plakken yn de gemeente Seden Seden Strand Næsbyhoved Broby Bullerup Lumby Allese Stige Ejlstrup Blommenslyst Brændekilde Holmstrup Bellinge Sankt Klemens Fangel Odense Åsum Fraugde Over Holluf Davinde Højby
Berne yn Odense Lars Jacobsen (1979), fuotballer Caroline Wozniacki (1990), tennisster
Bekende ynwenners thumb|260px|Andersen syn hûs yn Odense Sint-Knud (±1043 - 1086), hillige Hans Christian Andersen (1805 - 1875), skriuwer fan mearkes Carl Nielsen (1865 - 1931), komponist Carl Frederik Tietgen (1829 - 1901), magnaat, filantroop en bankier Thomas Barfoed Thrige (1866 - 1938), útfiner Ove Sprogøe (1919 - 2004), akteur Birgitte van Deurs (1946), hartoginne fan Gloucester Henrik Rehr (*1964), kartoonist
Befolkingsferrin Jier 1976 1981 1990 1996 2000 2004 2023 Ynwenners 138.348 136.646 138.986 144.518 145.062 145.554 182.387
Stêdebannen Brno, (Tsjechje) Columbus, (Feriene Steaten) Funabashi, (Japan) Grins (Nederlân) (Nederland) Iksan, (Sud Korea) İzmir, (Turkije) Katowice (Poalen) Kaunas, (Litouwen) Kiev, (Oekraïne) Klaksvík, (Fêreu-eilannen) Kópavogur, (Iisland) Norrköping, (Sweden) Östersund, (Sweden) Petah Tiqwa, (Israel) Schwerin, (Dútslân) Shaoxing, (Sina) St Albans, (Feriene Keninkryk) Tampere, (Finlân) Trondheim (Noarwegen) Upernavik, (Grienlân)
Keppeling om utens Odense - stêd fan Hans Christian Andersen
Kategory:Plak yn Súd-Denemark Kategory:Gemeente yn Súd-Denemark Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1970