De Olympyske Simmerspullen fan de XXXe Olympiade waard fan 27 july oant en mei 12 augustus 2012 holden yn Londen, de haadstêd fan Grut-Brittanje. Nei Atene wie Londen de twadde stêd dy't foar de tredde kear de Spullen organisearre. Earder wienen de Spullen fan 1908 en 1948 ek dêr holden. Nei de Olympyske Simmerspullen waarden yn Londen ek de Paralympyske Simmerspullen holden.

Sporten

Kalinder

Medaljespegel 1 Feriene Steaten 46 29 29 104 2 Sina 38 27 23 88 3 Feriene Keninkryk 29 17 19 65 4 Ruslân 24 26 32 82 5 Súd-Korea 13 8 7 28 6 Dútslân 11 19 14 44 7 Frankryk 11 11 12 34 8 Itaalje 8 9 11 28 9 Hongarije 8 4 5 17 10 Austraalje 7 16 12 35

Fryske medaljes Medalje Namme Sport ÛnderdielEpke ZonderlandTurnjenManlju, rekstokMarit BouwmeesterHurdsilenFroulju, laser radial klasse

Dielnimmende Lannen 200px|thumb|rechts|Dielnimmende Lannen Olympyske Simmerspullen 2012

Wedstrydfasiliteiten thumb|Olympysk Park thumb|ExCeL Exhibition Centre thumb|Dorney Lake Olympysk Park Londen Aquatics Centre foar keunstdûke, syngroanswimme, swimme en de finales fan it wetterpolo. Basketball Arena foar basketbal. Eton Manor is it treningssintrum foar wettersporters, en sil letter brûkt wurde foar de Paralympyske Simmerspullen 2012. Handball Arena - Copper Box foar hânbal, moderne fiifkamp, skermjen en sjitten. Hockey Centre foar hokky. Olympysk Stadion is it plak dêr't de begjin- en einseremoanje holden wurde. Dêrneist wurdt it stadion brûkt foar piste- en fjildatletyk. Water Polo Arena foar wetterpolo. London Velopark mei: London Olympic Velodrome foar it baanfytsen. BMX Circuit foar BMX.

Oare wedstrydfasiliteiten yn Londen All England Lawn Tennis and Croquet Club foar tennis. Earls Court foar follybal. ExCeL Exhibition Centre foar bokse, gewichtheffe, judo, skermjen, taekwondo, tafeltennis en wrakselje. Greenwich Park foar it hynsteriden mei dressuer, eventing en springkonkoers). Horse Guards Parade foar strânfollybal. Hyde Park foar triatlon en swimme. Lord's Cricket Ground foar bôgesjitte. The O2 Arena foar de basketbal finales en gymnastyk. Royal Artillery Barracks foar sjitte Wembley Arena foar badminton Wembley Stadion foar fuotbal The Mall is de start fan finish fan it dykhurdfytsen en fan de maratons. Hampton Court Palace is de start en finish foar de tiidritten by it hurdfytsen (dyk).

Fasiliteiten bûten Londen Coventry Stadion yn Coventry foar de fuotbalkwalifikaasjes. Dorney Lake by Windsor (Berkshire) foar it roeien en kanowedstriden. Hadleigh Farm by Southend-on-Sea (Essex) foar de mountainbike wedstriden. Hampden Park yn Glasgow foar de fuotbalkwalifikaasjes. Lee Valley White Water Centre by Waltham Cross (Hertfordshire) foar de kano slalom. Millennium Stadium yn Cardiff foar de fuotbalkwalifikaasjes. Old Trafford yn Manchester foar de fuotbalkwalifikaasjes. St James' Park yn Newcastle foar de fuotbalkwalifikaasjes. Weymouth and Portland National Sailing Academy by Weymouth (Dorset) foar de sylwedstriden.

Nijsgjirrichheden

Rekôrd De Amerikaanske swimmer Michael Phelps behelle tidens de Spullen syn 22ste Olympyske medaille. Hy swom dêrmei it rekôrd fan Larisa Latina út de eardere sowjetuny dy't 18 Olympyske medailles behelle út de boeken.

Froulju De Spullen fan 2012 wiene de earste Spullen wêr't by fan alle dielnimmende lannen ek de froulju meidiene.

Sporters mei in beheining

De Súd-Afrikaanske Atleet Oscar Pistorius, fan wa’t de beide fuoten amputearre binne om't er sûnder kûten berne wie hat him witten te kwalifisearjen foar de Olympyske Spullen yn Londen. De mearfâldich gouden medalje winner op de Atletyk op de Paralympyske Simmerspullen die mei oan de 400 meter wêr't er oant de heale finales ta wist tekommen en oan de 4x400 meter wêr't er mei Súd-Afrika achtste waard. De Poalske Tafeltennister Natalia Partyka dy’t berne waard sûnder rjochter ûnderearm die lyk as yn 2008 ek wer mei oan de Olympyske Simmerspullen.

Sjoch ek Paralympyske Simmerspullen 2012

Keppelings om utens Offisjele hiemside Olympyske en Paralympyske Simmerspullen 20012 Offisjele hiemside Ynternasjonaal Olympysk Kommitee

2012 Kategory:Skiednis fan Londen Kategory:Sportevenemint yn Ingelân Kategory:Barren yn 2012