Aken (Dútsk en offisjeel: Aachen, Akensk dialekt: Oche, Frânsk: Aix-la-Chapelle, Latyn: Aquae Granni of Aquisgranum)) is in kringfrije stêd (kreisfreie Stadt) yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd leit deunby de grins mei Nederlân en Belgje, en sa'n 55 kilometer westlik fan de Dútske stêd Keulen. De stêd is mei likernôch 263.000 ynwenners (2023) de trettjinde stêd yn Noardryn-Westfalen en de 28e yn Dútslân. De agglomeraasje fan Aken rikt oer de lânsgrins en hat plakken lykas Vaals en Kerkrade yn Nederlân en Kelmis yn Belgje.

Aken hat in lange skiednis en in ferneamde Dom. Aken wie it plak dêr't Karel de Grutte it leafst residearre, en letter it plak dêr't de Roomsk-dútske keningen harren kroane lieten. It is teffens in yndustriëel sintrum yn in gebiet dêr't stienkoal dylge wurdt en in wichtich spoarknooppunt mei oansluting op it hegefaasjespoar nei Keulen en Luik en de Montzenrûte nei de haven fan Antwerpen. It fleanfjild fan Aken, Maastricht Aachen Airport, leit yn Nederlân, sa'n 30 km fan de stêd, tichteby it Limburchske Beek.

De RWTH Aken (Rheinisch-Westfälische Technische Hochschule) is ien fan de wichtichste technyske universiteiten, fral foar wurktúchboukunde, auto- en produksjetechnyk.

It pleatslik dialekt, it Akensk dialekt (Oecher Platt), is in Middelfrankysk Ripuarysk regiolekt mei ynfloeden út it oanswettende Limburchsk wei. Aken leit krekt besuden de Benrather liny, dy't it Heechdútsk fan oare Westgermaanske talen skiedt. As in Rynlânske stêd is Aken, tegearre mei Keulen, Düsseldorf, en Mainz ien fan de plakken dêr't it karnaval gruts fierd wurdt. In spesialiteit út Aken wei, is de Aachener Printen in soarte fan koeke.

Etymology De namme Aken (Aachen) komt fan it Aldheechdútske Ahha, dat "wetter" of "stream" betsjut, lykas it Latynske aquae, dy't nei de hjitte boarnen ferwiist. Der wennen 5.000 jier lyn, yn it Neolitikum, al minsken, fanwegen dy waarmwetterboarnen. De Romeinske namme fan it plak waard Aquae Granni, itjinge "wetter fan Grannus" betsjut, ferwizende nei de Keltyske god fan it ljocht en it genêzen, dy't dêr oanbidden waard. It wurd waard Åxhe yn it Waalsk en Aix yn it Frânsk, en letter Aix-la-Chapelle nei't Karel de Grutte syn paltskapel dêr oan de ein fan de achtste iuw bouwe liet. Hy makke de stêd ta de haadstêd fan it Karolingyske Ryk.

As in stêd mei waarmwetterboarnen hat Aken it rjocht en neam himsels Bad Aachen, dochs waard der besletten dat net te dwaan, om't de namme oars net boppe yn de alfabetyske folchoarder stiet.

Skiednis Iere skiednis thumb|Romeinen fine de waarmwetterboarnen Op it plak dêr't Aken hjoed-de-dei leit, wie der al bewenning yn it Neolitikum (3000-2500 f.Kr.) en yn de brûnstiid (1600 f.Kr.). Yn de izertiid fêstigen Kelten harren yn it gebiet, dêr't de waarmwetterboarnen yn de sompige delling fan Aken harren nei alle gedachten oanlutsen. Hja oanbidden de god fan it ljocht en it genêzen, Grannus, dêre.

Oan it begjin fan de earste iuw n.Kr. waarden de waarmwetterboarnen kanalisearre en setten de Romeinen útein mei it bouwen fan in kueroarde, Aquae Granni. Twa baddekompleksen, dy't mei-inoar ferbûn waarden troch in foarum, dy't omjûn waard mei pylders, ferskate badhuzen en in tempel ta Grannus wijd, moast der yn de stêd, dy't wol 25 bunder grut wie, stien hawwe.

Om 375 hinne, doe't it Grutte Folkeferfarren begûn, rûn it Romeinske gesach yn it neigean, en waarden de badhuzen en oare iepenbiere gebouwen, mank mei de villae rusticae yn de omkriten, ferneatige. De lêste Romeinske munten dy't yn it gea fûn waarden, komme fan 375-383. Rome luts syn troepen werom út de omkriten wei, mar de stêd bleau wol bewenne. Om 470 hinne kaam de stêd yn hannen fan de Ripuaryske Franken, dy't harren haadstêd yn Keulen hiene.

Midsiuwen thumb|Model fan de keizerspalts thumb|De bou fan Aken troch Jean Fouquet

Nei de Romeinske tiid liet Pepyn de Koarte in kastiel yn de stêd bouwe, omreden fan de waarme boarnen, en om't it strategysk tusken it Rynlân en noardlik Frankryk yn lei. Eginhard neamt dat yn 765/766 Pepyn de krysttiid en peaske yn Aquis villa trochbrocht (Et celebravit natalem Domini in Aquis villa et pascha similiter, "en hy fierde krysttiid yn it plak Aquis, en ek peaske"). It kastiel moast dus grut genôch west hawwe om de keninklike hofhâlding foar ferskate moannen ûnderhâlde te kinnen. Yn 768 doe't Karel de Grutte kroand waard ta kening fan de Franken, fierde er foar it earst kryst yn Aken. Hy hold tige fan it plak en liet der in keningspalts bouwe. Letter liet er dêr in kapel by bouwe, dy't it hert fan de lettere Dom fan Aken wie. Om te genietsjen fan de genêskrêftige waarme boarnen bleau Karel fan 792 oant syn dea yn 814 de measte winters yn Aken. Aken waard it politike sintrum fan it Karolingyske Ryk. Doe't er ferstoar, waard er begroeven yn in tombe yn de kapel dy't er bouwe liet.

Der waarden yn dy tiid ek in soad manuskripten opmakke yn Aken.

Yn 936 waard Otto I ta kening fan it Eastfrankyske Ryk kroand yn de paltskapel. Aken waard oanfallen en plondere yn 978 troch Westfrankyske troepen ûnder lieding fan harren kening Lotarius (941-986). Keizer Freark Barbarossa liet tusken 1172 en 1176 in muorre om de palts en de stêd Aken hinne bouwe. Yn de folgjende 500 jier waarden de Roomsk-dútske keningen, dy't oer it Hillige Roomske Ryk hearskje moasten, kroand yn Aken. De oarspronklike kroaningshal, dy't troch Karel de Grutte boud waard, waard ôfbrutsen, en yn 1330 ferfongen troch it hjoeddeistige stedhûs. De lêste kening dy't dêr kroand waard, wie Ferdinand I yn 1531.

Yn de Midsiuwen wie Aken in stêd fan grut belang foar de pleatslike ekonomy, om't it net al te fier fan Flaanderen ôf lei en op wichtige hannelsrûten lei. De stêd wie in frije ryksstêd, dy't streekrjocht ûnder de keizer foel. Lykwols hie de stêd bûten syn gebiet net al tefolle macht, allinnich oer it oanswettende Burtscheid, dy't troch in Benediktynske abdij bestjoerd waard. Al it ferkear dat fan en nei Burtscheid gie, moast troch it "Ryk fan Aken" gean. Sels yn de lette achttjinde iuw waarden se ferbean in dyk te bouwen nei it oanbuorjende hartochdom Gulik. De stêd Aken stjoerde in nustje soldaten der op ôf en jei de dykbouwers fuort.

Iermoderne tiid thumb|Aken yn 1690 thumb|It hjoeddeistige swimbad fan de Elisabethhalle It belang fan Aken rekke fan de sechtjinde iuw ôf yn it neigean, ûnder mear troch de Reformaasje en de Tachtichjierrige Kriich dy't yn de tichteby lizzende Nederlannen oan it spyljen wie. Keizer Rudolf II fan it Hillige Roomske Ryk ferballe yn 1598 alle protestanten út de stêd wei. Fierder waarden de kroanings tenei dien yn Frankfurt ynstee fan yn Aken. De reden dêrfoar wie dat Aken net mear yn it sintrum fan it Hillige Roomske Ryk lei, mar suver oan de râne. De stêd hie ek bot te lijen fan de Godstjinstkrigen fan Jeropa dy't dêrnei folgen. Yn 1656 wie der in grutte stedsbrân dy't it grutste part fan de stêd yn de jiske lei. Dêrnei waard de stêd weropboud, benammen yn barokkestyl.

De stêd boude fan it midden fan de santjinde iuw ôf in reputaasje op as kueroarde. Dêrnjonken krige de stêd ek in reputaasje troch de hoemannichte prostitúsje dy't dêrtroch ûntstie. De grutste oarsaak foar minsken en sykje genêzing wie ynearsten syfilis en oan de ein fan de njoggentjinde iuw wie de grutste oarsaak reumatyk.

Aken wie ek it plak fan in stikmannich kongressen en fredesferdraggen yn de santjinde en achttjinde iuw.

Yn 1794 hold de frije ryksstêd Aken op te bestean, om't Frânske troepen de stêd doe besetten.

Moderne tiid Op 9 febrewaris 1801 waard by de Frede fan Lunéville de gânse westigge fan de Ryn fan it Hillige Roomske Ryk ôfstien oan Frankryk, dus Aken kaam ûnder Frânsk foech. Yn 1815 kaam Aken, nei it Kongres fan Wenen by it Keninkryk Prusen te hearren, as part fan de Prusyske Rynprovinsje.

Yn it midden fan de njoggentjinde iuw kaam de yndustrialisaasje op gong en dêrmei waarden de âlde midsiuwske wetten oangeande de hannel en produksje fan de stêd ferfongen. Alhoewol't de Frânsen it bestjoer yn de stêd yn 1801 yngripend feroaren, ek om't Aken it haadplak fan it departemint fan de Roer waard, wie de ynstelling fan it bestjoer fan de stêd noch net feroare. Nei't Prusen de stêd yn 1815 oernaam, wie Aken oant de ein fan de njoggentjinde iuw op sosjaal en polityk mêd ien fan de meast efterbleaune stêden fan it lân.

Yn 1838 waard it spoar fan Keulen nei Belgje ta, oer Aken oanlein. Yn 1880 hie de stêd 80.000 ynwenners. De stêd wie tige oerbefolke en de hygiëne wie ôfgryslik, alteast oant 1875 ta doe't de midsiuwske stedsmuorren ôfbrutsen waarden. Dêrnei waard der in wenwyk beëasten de stêd boud, mei bettere wenten en dêr't ôffier better regele waard. Yn desimber 1880 krige de stêd yn tramnetwurk, dy't yn 1895 elektrifisearre waard. Ek waard de stêd in wichtich produksjesintrum fan treinen, izer, spjelden, nullen, knopen, tabak, wollen guod en side. Yn 1890 waard it ynwennertal fan 100.000 helle.

Nei de Earste Wrâldkriich waard Aken oant 1930 troch de Alliearden beset, mank mei de rêst fan Dútslân bewesten de Ryn. Aken wie ien fan de stêden dy't belutsen wiene by de koartlibjende Rynlânske Republyk. Op 21 oktober 1923 naam in bewapene mannichte it stedhûs oer. Itselde barde yn Mönchengladbach, Duisburg en Krefeld. Dy republyk duorre krapoan in jier.

Twadde Wrâldkriich thumb|Amerikaanske soldaten komme oan yn Aken Aken rekke swier skeind yn de Twadde Wrâldkriich. Twa bombardeminten op 11 april 1944 hawwe neffens skriuwer Jörg Friedrich yn The Fire (2008) de stêd "alhiel ferneatige". By it earste bombardemint kamen 1.525, mei 212 bern ynbegrepen, minsken om it libben, en waarden seis sikehûzen bombardearre. By it twadde bombardemint waarden twa treinstasjons ferneatige en 207 minsken kamen dêrby om it libben. 15.000 minsken rekken dakleas. De bombardeminten skeinden ek Aken-Eilendorf en Aken-Burtscheid.

De stêd en syn ommelannen leine ûnder oanfal fan 12 septimber oant 21 oktober 1944 troch de Amerikaanske 1e Ynfantery Difyzje, mei help fan de 3e Pantserdifyzje út it suden wei. Op 13 oktober kaam de Twadde Pantserdifyzje út it noarden wei en kaam oan yn Würselen, wylst de 30e Ynfantery Difyzje in krúsjale rôl op 16 oktober spile hie om de stêd te besingeljen. Mei fersterkings fan de 28e Pantserdifyzje setten se de Slach om Aken fuort as strjitfjochterijen yn de stêd sels, dy't sterk troch de Dútsers ferdigene waard. Op 21 oktober joech de Dútske garnizoen him lang om let oer.

Aken wie de earste Dútske stêd dy't yn Alliearde hannen foel, en syn ynwenners seagen de Alliearde soldaten as befrijers. Itjinge wat der noch fan de stêd oer wie waard ferneatige, op guon plakken folslein, troch Amerikaanske artillery en troch de Waffen-SS dy't de stêd besochten te ferdigenjen. Skansearre gebouwen wiene ûnder oaren de midsiuwske tsjerken fan Sint-Foillan, Sint-Paulus en Sint-Nikolaas, en it stedhûs. De Dom fan Aken wie lokkich net skeind. Nei de striid wiene der mar 11.1139 ynwenners yn de stêd, wylst de rêst evakuearre waarden. De earste boargemaster dy't troch de Alliearden oansteld waard, Franz Oppenhoff, waard lykwols fermoarde troch in SS-kommando-ienheid. Aken waard troch Amerikaanske, Britske en Belgyske troepen beset.

Nei de kriich Nei de kriich waard de stêd weropboud en yn 1946 wennen der al wer 100.000 minsken. Op 23 augustus 1946 waard it noardlike part fan de Prusyske Rynprovinsje, dêr't Aken by hearde, in part fan de nije dielsteat Noardryn-Westfalen. Yn 1971, by in weryndieing yn Noardryn-Westfalen, waarden guon buorgemeenten by de stêd Aken yndield en kaam it ynwennerttal út op 237.108.

21e iuw Aken ûntjoech him as in mulpunt fan technology. De RWTH Aken (Rheinisch-Westfälische Technische Hochschule) is ien fan de wichtichste technyske universiteiten, benammen foar wurktúchboukunde, auto- en produksjetechnyk, allyksa foar ûndersyk, en it akademysk sikehûs Klinikum Aachen, dy't ien fan de grutste medyske sintrums fan Jeropa is.

Joadske mienskip