Neumünster (Nederdútsk: Niemünster en Neemünster) is in kreisfreie Stadt yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De stêd hat 76.955 ynwenners (2025). De stêd leit 35 kilometer súdlik fan Kiel, 65 kilometer benoarden Hamburch en 72 kilometer west fan Lübeck. It Nasjonaal Park Aukrug leit net fier fan de stêd.

Neumünster is fanâlds in ferkearsknooppunt fan belang en wie in sintrum fan lekken- en learyndustry. It plak krige yn 1870 stedsrjochten.

Stedsdielen Böcklersiedlung-Bugenhagen Brachenfeld-Ruthenberg Einfeld Faldera Gadeland Gartenstadt Stadtmitte Tungendorf Wittorf

Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein