Taeke Triemstra (Ljouwert, 4 desimber 1982) is in keatser. Hy is de soan fan keatser Reinder Triemstra. Sûnt july 2023 is hy de lieder yn it ivich punteklassemint fan it keatsen.

Karriêre Al by it Nederlânsk kampioenskip foar pupillen in 1993 kaam Taeke yn it nijs doe't er foar de keatsferiening ‘Het Noorden’ út Sint-Jabik de twadde priis wûn. Op de Freulepartij yn Wommels fan 1999 wûn hy mei Willem Veenstra en Douwe Hogenhuis de spannende finale. Triemstra waard op de PC fan 2000, as jongste dielnimmer, tredde mei syn partoer. In moanne letter wûn er syn earste haadpriis yn de hoofdklasse. Yn 2001 ferlear er de PC-finale. Hy wûn yn 2006 de PC mei Johan van der Meulen en Kor Zittema. Yn 2007 wûn er de PC nochris en yn 2008 waard er Nederlânsk kampioen. Yn 2010, mei Gert-Anne van der Bos en Daniël Iseger wûn er de earste priis yn it punteklassemint en kaam dêrmei op 359 punten. Op de PC fan 2011 en 2015 wie it partoer wer de bêste. Yn july 2023 helle Taeke it earste plak yn it ivich punteklassemint troch de preemje by de Rengersdei.Taeke Triemstra is de nije lieder yn it ivich punteklassemint., kaatsen.nl, 23 july 2023

Prizen thumb|right|260px|Taeke Triemstra op de PC fan 2011 1999 - Freule 1e priis 2003 - Jong Nederlân 3e priis 2000 - PC 3e priis 2001 - PC 2e priis 2003 - PC 3e priis 2004 - Jong Nederlân 2e priis 2004 - PC 3e priis 2005 - PC 3e priis 2006 - de Bond 6e priis 2006 - PC 1e priis 2007 - PC 1e priis 2008 - de Bond 1e priis 2008 - PC 3e priis 2010 - PC 1e priis 2011 - de Bond 4e priis 2011 - PC 1e priis 2012 - de Bond 1e priis 2012 - PC 2e priis 2013 - de Bond 3e priis 2013 - PC 3e priis 2014 - PC 3e priis 2015 - de Bond 3e priis 2015 - PC 1e priis 2016 - de Bond 3e priis 2017 - PC 3e priis 2018 - PC 2e priis 2018 - de Bond 5e priis 2019 - de Bond 6e priis 2019 - PC 2e priis 2021 - PC 1e priis 2022 - de Bond 2e priis 2022 - PC 3e priis 2024 - PC 3e priis 2025 - PC 2e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1982