Sjoerd Stapert (De Lemmer, 9 novimber 1735 - dêre, 6 novimber 1816) wie de tredde en jongste soan fan Jouwert Stapert en Tetje Nannes. Hy wie krektas syn heit wetterboukundige, oannimmer en skipsbouwer. Op De Lemmer stie er bekend ûnder de namme Sjoerdbaas.
Hy wie in waarm patriot en waard 16 juny 1795 yn de gritenij Lemsterlân ta lid fan it bestjoer fan Fryslân keazen. Op 15 july 1795 waard hy troch dat bestjoer beneamd as arsjitekt foar Fryslân. Syn saken die hy oer oan syn soannen. Dat bleau er oant de ferdieling fan de Bataafske Republyk yn provinsjes wizige waard yn in fedieling yn departeminten. Hy kaam troch it beslút fan it Utfierend bewâld fan 14 july 1800 yn tsjinst fan de republyk as kommissaris-ynspekteur fan de wettersteat foar de departeminten Eems en Oude IJsel, tegearre mei J. Sabrier. Hy krige Ljouwert as stânplak. Dizze betrekking hat hy oant 1 novimber 1803 ferfold, doe't er by beslút fan it Steatsbewâld fan 4 oktober dêrfoar bûten tsjinst steld waard en him wer ta wenjen sette op De Lemmer.
Hy boaske 20 novimber 1757 Minke Barre, by wa't hy 2 soannen en 5 dochters hie.
Kategory:Frysk wetterboukundige Kategory:Frysk arsjitekt Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Patriot Kategory:Persoan berne op De Lemmer Kategory:Persoan stoarn op De Lemmer Kategory:Persoan berne yn 1735 Kategory:Persoan stoarn yn 1816